Lilke boeren blokkearje doarren provinsjehûs Ljouwert mei beammen fan Arcadia

Lilke boeren ha beammen tsjin de doarren fan it provinsjehús skood © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Boeren hawwe woansdei mei twa trekkers beammen fan it Arcadia-projekt BOSK foar de haadyngong fan it provinsjehûs riden. Dy yngong is dêrmei blokkearre.
In delegaasje fan de boeren ûnder lieding fan aksjefierder Mark de Jong hat in petear hân mei in delegaasje fan steateleden.
Boeren skowe beammen foar yngong provinsjehûs
De boeren easken dat de steateleden in ferklearring ûndertekenje soenen om ôfstân te nimmen fan it lanlike stikstofbelied. Mar twa partijen binne op dy útnûging yngien: de PVV en Forum voor Democratie.
De VVD en de FNP hawwe net oan it petear meidien, ta grutte argewaasje fan de boeren. Oare partijen wienen der wol, mar dy hawwe de ferklearring net ûndertekene.

Hermetysk ôfsletten

De boeren wienen dêr lilk en teloarsteld oer. Doe kamen de trekkers yn beweging en waarden beammen fan BOSK tsjin de yngong fan it provinsjehûs oan treaun. De plysje wie net yn steat om dat te ferhinderjen.
De boeren binne yntusken fuortgien. It provinsjehûs is út feilichheidsoerwagings hermetysk ôfsletten. De plysje bewekket it gebou ûnder oaren mei drones.