Stekjes ruilje mei kast yn de foartún hieltyd populêrder: "Se wurde samar grut"

Túnkasten dêr't minsken plantsjes mei-inoar ruilje kinne, winne oan populariteit. It is in relatyf nij fenomeen. Stadichoan hawwe hieltyd mear minsken sa'n kast yn 'e foartún te stean.
Sjoukje Koonstra en har dochter Hanna fan Burgum hawwe no trije wiken in plantsjesruilkast. Se fine it prachtich. It idee kaam fan Hanna. Sy is tige fanatyk mei planten.
Allinnich al op har sliepkeamer hat se mear as fyftich eksimplaren te stean. "Mem hat sa'n tritich planten ûnder. Dat is sûnder stekjes, want dat binne ek al fjirtich of sa."

Alle dagen dwaande

Harren plantsjesruilkast is opnommen yn de stekjesrûte by ruilkasten del. Hanna en har mem stekke in soad tiid yn harren hobby.
Hanna Kooistra fertelt oer stekjes
Hanna: "Ik tink dat ik wol fjouwer oant fiif oeren deis dwaande bin mei de plantsjes. Alles wat derby komt, bygelyks sosjale media, kostet ek in soad tiid."
It idee is simpel: "Nimst ien mei fan hûs. Dy setst by ús yn de kast en dan hellest der wer ien fan ús út."
Mem Sjoukje genietet der ek fan. "It entûsjasme fan oare minsken en ruilers dy't hjir komme, fyn ik moai om te sjen."
Koonstra hat noch wol in warskôging 'mei in knypeach'. "Moatst der wol wat om tinke, ast in soad stekst. Se wurde ek samar grut."
Yn noardeastlik Fryslân binne hieltyd mear stekjesruilkasten te sjen. Net allinnich yn Burgum, mar ek yn Feanwâlden, De Westereen en Damwâld binne in soad kasten te finen.