Jochum Wiersma is foarljochter yn Amearika: "Dochs praat ik noch faak Biltsk"

Jochum Wiersma yn Amearika © Omrop Fryslân
It is krekt kertier oer achten as Jochum Wiersma ynbellet foar Operaasje Fryske Flagge. Hy hat al in stik hurddraafd yn de foar him betide moarntiid.
Net yn de Nederlânske tiid, mar yn de Amerikaanske, want dêr wennet Jochum Wiersma no en hy seit it bot nei it sin te hawwen.

Moai stikje grûn

Grutbrocht yn Sint-Anne en in echte Biltker, sa sjocht Jochum himsels noch hieltyd, nettsjinsteande dat er nei Crookston, Amearika emigrearre doe't er 26 wie.
Nei it ôfrûnjen fan syn promoasjeûndersyk is hy hingjen bleaun yn de Steaten. Hy seit 'in moai stikje grûn' te hawwen fan 2,5 hektare. "Dat is hier heel klein."
Mei wat geiten en skiepkes op it terrein hearst Jochum net kleien. Hy wie net de earste fan de famylje dy't nei de Steaten emigrearre is. Syn sus gong him nammentlik foar.

Foarljochting

No wurket er by in proefstasjon fan de universiteit dêr. It ferhúzjen wie nea in bewuste kar. Hy krige nei syn stúdzje de baan oanbean. Hy is in soad te finen by de boeren. Hy jout foarljochting yn nôt, bestriding fan oare sykten en oare saken dy't te krijen hawwe mei it lân fan de boer. "Ik hie nea tocht dat ik de foarljochting sa aardich fine soe."
Yn Crookston wennet er my syn iennige noch thúswenjende bern en syn freondinne. Jochum hat fjouwer bern, mar trije hjirfan binne al it hûs út.

Crookston

Crookston is in lyts doarp yn de steat Minnesota. Mei in lytse 8.000 minsken is it in echt doarp. It folk der is "gemoedelijker en vrijgevender". Dochs hat er noch hieltyd wol langstme nei Fryslân. Syn bern wenje no troch it hiele lân hinne, dus werom ferhúzje sit der op it stuit net yn.
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Twa jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat Whatsapp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?
Jochum traint foar in soad maratons. Sa hat hy meidien yn New York en Boston. Hy wol no foar de Big Six gean. Dit betsjut dat er ek meidwaan wol oan de maratons fan Chicago, Tokyo, Londen en Berlyn.
Hy traint folslein selsstannich troch de iepen greiden fan de Steaten en is gjin lid fan in feriening. Ek as hy yn Fryslân is, is er oan it draven.
It folsleine petear mei Jochum Wiersma