Nije glydbaan Hallum lang om let yn gebrûk: "Wy ha dit yn 15 jier byinoar sparre"

De nije glydbaan fan De Sawn Stjerren © Henk den Belder
De glydbaan fan iepenloftswimbad De Sawn Stjerren yn Hallum mei lang om let yn gebrûk naam wurde. Nei 15 jier crowdfunde hat it swimbad it nedige jild byinoar.
De baan soe moandei al iepene wurde, mar fanwegen tonger en rein koe de iepening net trochgean. Tiisdei koe it wol, en dêr binne it swimbad en de bern út de omjouwing wiis mei.
"Wy ha de earste plûns al hân fan de glydbaan ôf", seit bedriuwslieder Jantine Kuiken-De Vries. "Hy giet as in spear, echt geweldich."
Glydbaan yn Hallum iepene nei fyftjin jier sparjen
De komst fan de glydbaan hat hiel wat om 'e hakken. "Wy ha in pot hân, fyftjin jier lang. Mei allegear donateurs en sponsoaren ha wy dit yn fyftjin jier byinoar sparre."

Sponsoraksjes

De hiele omjouwing fan it swimbad hat him jierrenlang ynset foar de glydbaan, seit Kuiken-De Vries. "Ferline jier hat de jongerein noch yn fjouwer oeren ferdield oer twa dagen 6.000 euro ophelle mei sponsorswimmen. Wy ha mei syn allen gewoan dizze glydbaan byinoar sparre."
It swimbad wie neffens har ek wol ta oan in nije glydbaan. "De oare kaam fan 1986, dy is hjir yn 1992 út Stiens wei hinne kaam."
Jantine Kuiken-De Vries is grutsk op 'e nije glydbaan © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De nije glydbaan is 7 meter heech en 52 meter lang, fertelt Kuiken-De Vries. De glydbaan wie dan ek net om 'e nocht. "Hy sit om ende by de 150.000 euro. Mar dan hast ek wat goeds, hy sil myn tiid wol útsitte."