Fedde Dijkstra leit kwestje Fryske rjochtbanktolken foar oan Ried fan Europa

Tolk Fedde Dijkstra © ANP
De Fryske rjochtbanktolk Fedde Dijkstra út Ljouwert sil it slepende skeel tusken de trije Fryske rjochtbanktolken en it ministearje fan Justysje woansdei foarlizze oan in yn minderhederjocht spesjalisearre kommisje fan de Ried fan Europa.
Neffens Dijkstra stiet it rjocht om Frysk te praten foar de rjochter - befochten op Kneppelfreed yn novimber 1951 - al 9 moanne lang bot ûnder druk.

Tolken wolle hegere fergoeding

Frysk prate op de Ljouwerter rjochtbank is al sûnt septimber ferline jier problematysk, omdat de trije Fryske rjochtbanktolken in konflikt hawwe mei it ministearje fan Justysje oer de tariven. Sy wolle mei de rjochtbank ûnderhannelje oer in hegere fergoeding, mar dat wol it ministearje net lije.
Tolkekwestje foarlein oan Ried fan Europa
It gefolch is dat de trije rjochtbanktolken Frysk net mear ynset wurde. Dijkstra hat op 21 septimber ferline jier foar it lêst tolkt fan it Frysk nei it Nederlânsk op it Ljouwerter gerjochtshôf. Sûnt dy tiid is hy wol tsien kear frege foar in Fryske tolketsjinst, mar dat gie hieltyd net troch omdat de rjochtbank gjin ôfspraken meitsje woe oer in heger minimumtaryf.

Ynternasjonale kommisje

In brede ynternasjonale kommisje fan de Ried fan Europa is woansdei yn Ljouwert om te hifkjen oft Nederlân him ek oan it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen en it Ramtferdrach foar Nasjonale Minderheden hâldt. Ien fan de saken dy't de kommisje ûndersykje wol is de posysje fan it Frysk yn de rjochtbank.
Neffens Dijkstra is de saak dúdlik: Nederlân hannelet yn striid mei it Europeeske minderhederjocht en fertsjinnet dêrom in giele of sels in reade kaart. "It is in kar fan de oerheid of fan it Iepenbier Ministearje om de Fryske rjochtbanktolken net yn te setten. It Iepenbier Ministearje nimt dêrmei foar kar dat minsken dy't Frysk prate wolle foar rjochtbank of gerjochtshôf net de gelegenheid krije om dat te dwaan."
Tolken binne gauris nedich, omdat it yn 'e praktyk faak foarkomt dat net alle belutsenen by in sitting op rjochtbank of gerjochtshôf it Frysk ferstean kinne.

In pear tientsjes

It skeel tusken de rjochtbanktolken en it ministearje fan Justysje liket op in soarte fan prestiizjestriid. Dijkstra hopet dat it petear mei de Ried fan Europa wer wat beweging yn it slepende skeel krije kin. "Blykber hat Nederlân it nedich om fan in ynternasjonale ynstânsje as de Ried fan Europa te hearren dat wat Nederlân hjir docht wier net kin."
Dijkstra heakket deroan ta dat it yn de kwestje fan de Fryske rjochtbanktolken net om bysûnder grutte bedraggen giet. "It kostet hielendal net in soad. Mei tsien tolketsjinsten foar it Frysk yn it jier is it in kwestje fan in pear tientsjes foar eltse tsjinst." Krekt om dy reden kin Dykstra mar min begripe wêrom't dizze saak mar net oplost wurdt.
Fedde Dijkstra leit út wat hy tsjin de Ried fan Europa sizze sil
De kommisje fan de Ried fan Europa praat woansdei net allinnich mei Fedde Dijkstra, mar ek mei ûnder oare Omrop Fryslân, Afûk, Fryske Akademy, Ried fan de Fryske Beweging en deputearre Sietske Poepjes. In diel fan de kommisje is tongersdei de hiele dei yn Aldeberkeap foar petearen mei Stellingwerver en Nedersaksyske organisaasjes.