Siri yn it Frysk? RUG wurket oan Fryske spraaktechnology

© Omrop Fryslân
Friezen moatte tenei ek yn it Frysk prate kinne tsjin harren telefoan of tûke speaker. Alteast, as it oan de Provinsje Fryslân leit. De Ryksuniversiteit Grins giet se de kommende tiid oan it wurk mei Fryske spraaktechnology.
Spraaktechnology lit minsken sprutsen kommando's jaan oan apparaten. Foarbylden binne Siri fan Apple of Google Home, mar ek oare tapassingsrjochte apparaten. Hieltyd mear apparaten of digitale assistinten fersteane it Nederlânsk, mar binne noch net beskikber foar streektalen.
De provinsje stekt hast 225.000 euro yn de ûntwikkeling fan de Fryske spraaktechnology. "Wy fine it wichtich dat Friezen harren eigen taal brûke kinne. Krekt by digitale tapassings dy't âlderein of beheinde minsken helpe, is it o sa wichtich dat hja dêr yn it Frysk tsjin prate kinne", seit deputearre Sietske Poepjes.