Plysje hâldt tredde Bitcoin-oerfaller oan: 27-jierrige man út Amsterdam

© CAMJO media
De plysje hat in 27-jierrige Amsterdammer oanholden fanwegen mooglike belutsenheid by in gewelddiedige wenningoerfal oan de Coopmansstrjitte yn Ljouwert.
By de oerfal op 24 juny fan ferline jier waarden cryptomunten bútmakke. De bewenner fan de wenning rekke by de oerfal swierferwûne.
Yn april hold de plysje al in man fan 20 út Amsterdam oan yn deselde saak. Ein maaie folge in twadde oanhâlding: in 23-jierrige Amsterdammer. De plysje kundige doe al oan dat der mooglik mear oanhâldingen komme soene, want op kamerabylden yn de omjouwing wiene yn elk gefal trije oerfallers te sjen.
De plysje slút ek no meardere oanhâldingen noch net út. De plysje hat it fermoeden dat in famyljelid, freon of kollega fan it slachtoffer mooglik bewust of ûnbewust krúsjale ynformaasje trochspile hat oan de oerfallers.