Seespegelstiging yn Waadsee giet twa kear sa hurd as op oare plakken

Heech wetter yn de Waadsee, lykas hjir by Holwert (argyf) © Kappers Media
De stiging fan de seespegel yn de Waadsee giet twa kear sa hurd as op oare plakken oan de Nederlânske kust. Dat docht bliken út ûndersyk fan wittenskippers fan de TU Delft.
De seespegelstiging oan de Nederlânske kust giet hurder as earder. De wittenskippers basearje harren op in wiidweidige analyze fan mjitgegevens út saneamde tijstasjons, fan Delfzijl oant Vlissingen.

Gemiddelde stiging

Sûnt midden jierren 90 giet it wetterpeil foar de Nederlânske kust signifikant flugger omheech as yn de santich jier dêrfoar, konkludearje de ûndersikers. Sûnt dy tiid is de gemiddelde stiging 2,7 milimeter yn it jier.
Troch ûnwissichheid yn de gegevens kin it yn werklikheid 0,4 milimeter heger of leger wêze. De ûndersikers hawwe berekkene dat dit tusken de 0,5 en 1,5 milimeter mear is as yn de sân desennia dêrfoar.

Signifikant hurder

Dat oer de hiele wrâld de stiging fan de seespegel hurder giet as gefolch fan it opwaarmjen fan de ierde, is al jierren bekend. Neffens de TU Delft is dit de earste kear dat "een significante versnelling" ûntdutsen is yn de data fan de Nederlânske tijstasjons by de Noardsee del.
Mark Bakker fan de TU Delft