Boeren protestearje by provinsjehûs: "De takomst is fuort, sa kin it net mear"

Trekkers foar it provinsjehûs yn Ljouwert © Leo Middelsé, Lennard Geerts
Inkelde boeren ha mei har trekkers op de stoep foar it provinsjehûs yn Ljouwert protestearre tsjin it stikstofbelied. De plysje joech in pear trekkers de romte, de dyk is no ôfsletten.
De plysje is prominint oanwêzich, sjocht ferslachjouwer Onno Falkena. "De plysjes binne even oan de kant gien om in beheind tal trekkers troch te litten. Dy steane no op de stoepe foar it provinsjehûs." Oare boeren moasten harren trekkers fierderop parkearje.
De boeren by it provinsjehûs fine dat alle stikstofplannen fan tafel moatte, sawol lanlik as provinsjaal. Se wolle dat it provinsjebestjoer in ferklearring dêrta ûndertekenet.
Deputearren Klaas Fokkinga en Douwe Hoogland ha mei de boeren praat, mar ûndertekenen de ferklearring net. Se bliuwe by de eigen oanpak.
Boeren protestearje by provinsjehûs
Neffens guon aksjefierende boeren hoege der gjin plannen te kommen. Ien fan harren tinkt ek dat der hielendal gjin probleem is. "Er wordt geen stikstof gereduceerd. Het is er gewoon niet. Hoe kun je reduceren als er geen stikstof is?"
Ferslachjouwer Onno Falkena prate mei demonstrearjende boeren
Oaren wolle mei provinsjebestjoerders prate. "We moeten een gesprek hebben en zorgen dat we de neuzen dezelfde kant op krijgen." Polderje wolle se net. "Absoluut niet. Het hele plan gaat van tafel. De een laten ze doodbloeden, de ander komt er ongeschonden uit."
De emoasjes rinne by guon boeren heech op. In jonge leanwurker seit: "It sit yn je bloed. It is je passy. We litte ús wol hearre, mar der wurdt neat mei dien." De jonge wie krekt klear mei syn oplieding. "Mar de takomst is fuort. It kin sa net mear."

"Gezellig wordt het niet"

Omdat de deputearren de ferklearring fan de boeren net ûndertekenje, bliuwe de boeren by it provinsjehûs. "Dit kan wel drie weken duren. Gezellig wordt het dan niet, dan gaat het op een andere manier."
Yn in parsekonferinsje warskôge premier Rutte earder de dei dat demonstrearje mei, mar yntimidearje net. "Een politieauto die door een trekker wordt aangereden. Intimidatie van bestuurders. Het uitrijden van mest op snelwegen. Dat is onacceptabel."
De protestearjende boeren by it provinsjehûs lûke har der net in soad fan oan. "Wat doet hij bij ons dan? Hij speelt het ook op de man. We komen bij iedereen langs als het moet. We zijn er klaar mee, we hebben niets meer te verliezen."
"De takomst is fuort, sa kin it net mear", seit in boer
In politikus dy't it al in soad belije moast, is Tjeerd de Groot (D66) fan Wâldsein. De Groot stelde earder foar it beslach troch de helte te dwaan. Hy krige dêr al in soad krityk op en moandei stie in groep demonstranten mei in spandoek by syn wenplak.
Op it spandoek stie dat De Groot wol praat oer wenningneed en de achterútgong fan de natuer, mar dat hy sels in twadde hûs yn Wâldsein hat en dat hy dêr genietet fan it Fryske plattelân dat er sels kapot meitsje soe.
"Dat is vervelend. Ik woon in Woudsend. Dat is mijn eerste huis, de plek waar ik mij thuis voel. In Fryslân liggen mijn roots en ik ben blij om daar te wonen", seit De Groot der sels oer.
Tjeerd de Groot oer de boereprotesten
"Van de buurman hoorde ik dat ze maandagavond tussen elf en twaalf met tractoren in de straat waren, maar daar slapen kinderen, het zijn nauwe straten; doe dat gewoon niet."
Neffens De Groot binne de emoasjes sa heech oprûn dat gewoan polityk bedriuwe hast net mear mooglik is. "Sommige politici zeggen dingen die de boeren zand in de ogen strooien, waardoor ze denken dat er niets aan de hand is. Er is de wil om boeren perspectief te bieden, maar het is heel moeilijk om het gesprek te voeren als boeren doen alsof we helemaal niets willen."
De wurden fan De Groot kinne de lilkens fan de boeren net ferlytsje. Tiisdeitejûn makken demonstrearjende boeren in kampfjoerke yn de berm by Tsjalbert. De brânwacht hat it fjoer úteinlik dwêst.
It protest by Tsjalbert © Noordernieuws
It is ek net sa dat alle boeren aksjefiere. Johan van Dijk is 21 jier en wol letter de biologyske melkerij fan syn heit en mem yn Aldlemmer oernimme. Hoewol't der no in soad ûnwis is, makket Johan him noch net drok oer de takomst.
De famylje Van Dijk protestearret net