Utspraak Hege Ried yn saak Van Seggeren opnij útsteld

Undersyk op it 'plaats delict' © CAMJO Media
De útspraak yn de saak Van Seggeren is troch de Hege Ried útsteld. It heechste rjochtsorgaan is no fan doel om yn septimber útspraak te dwaan.
De Hege Ried hat mear tiid nedich foar de útspraak fanwegen de juridyske kompleksiteit fan de saak.
De útspraak soe tiisdeitemiddei wêze. It is de twadde kear dat de útspraak útsteld wurdt. Earder stie er pland foar 19 april.

Advokaat-generaal

De advokaat-generaal advisearre yn maart oan de Hege Ried dat de feroardieling yn heger berop fan de widdo fan Van Seggeren net yn stân bliuwe kin. De widdo sit op it stuit in straf fan tweintich jier sel út.
De advokaat-generaal fynt dat der te min bewiistmateriaal is foar it meiplegen fan de moard.

Untkend

It lichem fan Tjeerd van Seggeren (37) waard mei swier letsel oan de holle oantroffen op de moarn fan snein 9 july 2017 yn in greide by De Westereen. Hy hie dy sneontejûns yn it Fryske doarp in muzykfeest besocht.
De frou hat altyd ûntkend wat mei de dea fan har man te krijen hân te hawwen. Se stelt dat se har man mei de auto ophelje woe by de greide, mar him nea sjoen hat en weromriden is. Mar it hôf yn Ljouwert wie der yn 2020 fan oertsjûge dat B. in stjoerende en regissearjende rol hân hat by de moard.

Yndirekt bewiis

Neffens de konklúzje fan de advokaat-generaal hat it hôf "de betrokkenheid van de vrouw uitsluitend uit indirect bewijs afgeleid".
Der binne net genôch feiten of omstannichheden om ôf te lieden dat sprake wie fan gearwurking tusken dieders. "Uit het bewijs kan niet worden opgemaakt waaruit het medeplegen heeft bestaan, laat staan óf er wel sprake is geweest van een gezamenlijke uitvoering."