Ophokplicht foar fûgelgryp ynlutsen yn súdeasten fan Fryslân

© ANP
It ministearje fan Landbouw, Natuur en Voedselkwaliteit lûkt de ophokplicht yn foar plomfee yn de regio dêr't it súdeasten fan Fryslân foar in part ûnder falt. De minister wol romte jaan oan 'frijeútrinbedriuwen'.
In groep saakkundigen fan de oerheid hat sjoen nei de situaasje op it stuit en dêrby beoerdiele hoe grut oft de kâns is dat in plomfeebedriuw rekke wurdt troch in besmetting. Foar hiel Nederlân jildt de kâns op in besmetting 'matig tot hoog', as de ophokplicht opheft wurdt.
Deselde saakkundigen ha it risiko ek foar ferskate risiko's beoardiele. Yn de gebieten dêr't it risiko as 'matich' jildt, wurdt de ophokplicht ynlutsen. Dat is ûnder oare it gefal yn it súdeasten fan Fryslân.
Yn de reade gebieten jildt de ophokplicht noch, yn griene gebieten net mear © Ryksoerheid
De saakkundigen jouwe by it ynlûken fan de ophokplicht oan dat de ynskatting 'een hoge mate van onzekerheid' yn 'm hat. Sûnt maaie ha yn dizze regio's gjin meldingen west fan deade wylde fûgels mei in tige besmetlike fariant fan de fûgelgryp.

Ferûntrêstend

"De vogelgriepsituatie in Nederland is ernstig", seit minister Henk Staghouwer. "In de natuur hebben veel wilde vogels te lijden onder het virus en zo'n 66 Nederlandse pluimveelocaties zijn sinds oktober 2021 besmet geraakt en geruimd."
Hy seit dat de fûgelgrypútbraken ferûntrêstend binne en seit dat fûgelgryp foarearst net mear fuort te tinken is út Nederlân. "Desalniettemin wil ik in regio's waar dat wèl verantwoord kan worden geacht, de ophokplicht voor commercieel gehouden pluimvee gedeeltelijk intrekken."
Piet Faber fan LTO Noord