ABN AMRO slút kantoar op It Hearrenfean, noch ien oer yn Fryslân

It kantoar fan ABN AMRO oan it Burgemeester Kuperusplein op It Hearrenfean © Google Street View
Delgean by in kantoar fan ABN AMRO kin yn Fryslân ynkoarten allinnich noch yn Ljouwert. De bank slút op 26 augustus it kantoar op It Hearrenfean.
ABN AMRO slút de lêste jierren al faker fêstigingen. Neffens de bank binne der hieltyd mear minsken dy't banksaken mei de app en online regelje.
Dêrtroch binne bankkantoaren hieltyd minder nedich en binne dêr minder besikers. Yn plak fan it kantoar op it Hearrenfean komme der no coaches dy't klanten helpe kinne mei banksaken.
Dy coaches binne neffens de bank "de spil van de dienstverlening aan klanten die digitaal minder vaardig zijn of extra ondersteuning nodig hebben".

Meiwurkers bliuwe by ABN AMRO

It Feanster kantoar hat fjouwer oant seis fte's oan it wurk. Alle meiwurkers fan it Feanster kantoar kinne by ABN AMRO wurkjen bliuwe, seit in wurdfierder fan it bedriuw.
Guon meiwurkers kinne oan de slach op in oare lokaasje, oaren as finansjeel coach. Dy geane faak by minsken thús del om te helpen mei finansjele fragen.