Lessen oer Fryske sporten moatte foar ferealens soargje by skoalbern

Skûtsjes fan de SKS © ANP
Keatsen, fierljeppen en skûtsjesilen: leafhawwers fan Fryske sporten wurde alle simmers ferwend. Mar tagelyk binne it sporten dêr't bern net mear maklik mei yn de kunde komme. Mei gast- en praktyklessen moat dêr feroaring yn komme.
Sport Fryslân organisearret sokke lessen sûnt dit jier. "Elkenien dy't wat mei de Fryske sportkultuer hat, fynt it hartstikke de muoite wurdich om de sporten oerein te hâlden", seit direkteur Anne Jochum de Vries. "Mar dat is net mear fanselssprekkend. Dêrom ha we no dit programma ûntwikkele."
It programma om bern yn de kunde komme te litten mei de sporten, hjit Fryske sport yn dyn klasse. Net allinnich de Fryske simmersporten krije omtinken, mar ek it reedriden en Frysk damjen.
"Eartiids bûnen âlden de redens ûnder by de bern, waarden se op it iis set en koenen se ride, by wize fan. Dat is net mear sa. Mei dit projekt wolle we ûnder oare it skoalriden in ympuls jaan."
Anne Jochum de Vries, direkteur Sport Fryslân © Omrop Fryslân, René Koster
Learlingen fan in skoalle op It Hearrenfean krije tiisdei les yn it skûtsjesilen. Dat bart net yn it eigen klasselokaal, mar yn Earnewâld. Want it giet om de praktyk.
"Skûtsjesilen is in ikoan yn Fryslân. It is hartstikke moai én belangryk om te learen hoe't we ús op it wetter mei in boat rêde kinne", seit De Vries.
En dêrnei mei it skûtsje it wetter op fansels.
Anne Jochum de Vries fertelt dat de lessen ek om de praktyk geane
"En dan giet it net allinnich om in les dêroer, mar ek dat skipper Age Veldboom deroer fertelt. En dêrnei mei it skûtsje it wetter op fansels."
Ienkear entûsjast nei sa'n skoaldei is it noch wol saak om bern by de sport te hâlden. De Vries tinkt dat it dêrmei wol goed sit. "Der binne faak mooglikheden om it silen te learen, bygelyks mei in optimist. Dan kinne bern dat boartsjendewei ûntwikkelje."

Rykdom meijaan

Boppedat belûkt Sport Fryslân de ferienings by it programma. "Sadat de bern ek in bân krije mei de ferienings, dan is de stap om lid te wurden sa lyts mooglik."
De alderearste stap is lykwols it entûsjast wurden. "Bern moatte in gefoel ûntwikkelje wêrom't we dizze sporten yn Fryslân sa bysûnder en belangryk fine. Se moatte der in bytsje fereale op wurde. Sa hoopje we de rykdom fan de Fryske sport mei te jaan."