Grutte brân yn flat oan Ubbemastins yn Ljouwert ûnder kontrôle

Brân yn Ljouwert © AS Media
Oan de Ubbemastins yn Ljouwert hat moandei brân west yn in flatgebou. De brânwacht hie opskaald nei GRIP-1. Dit betsjut dat der koördinaasje tusken de helpferlieningstsjinsten nedich wie.
Neffens de brânwacht wie der sprake fan in grutte brân. Der kaam reek út it dak boppe ferskate apparteminten. De brân soe ûntstien wêze trochdat de bliksem yn it gebou ynsloech.
De brânwacht koe earst dreech útfine wêr't de brân no krekt siet. Lang om let die bliken dat dit yn in spoumuorre wie. De boppeste twa ferdjippings fan it flatgebou waarden ûntromme en de bewenners waarden opfongen yn De Schakel oan de Havingastate.
Alle bewenners koenen letter op de jûn wer nei harren hûs. De brânwacht meldt dat der gjin minsken ferwûne rekke binne.