MCL hat noch lange wachtlisten, mar makket ynhelslach mei mageferlytsingen

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
It MCL besiket de wachtlisten foar operaasjes dy't útsteld binne fanwege corona fuort te wurkjen. Dat giet stadich, 3.100 pasjinten wachtsje noch op in operaasje.
Gewoanwei binne dat der tusken de 1.700 en 1.800 minsken, mei in wachttiid fan 7 of 8 wike. No is de wachttiid langer.
By de mageferlytsingen fan it sintrum Obesitas Noord Nederland binne de wachtlisten yntusken bywurke oant it nivo fan foar de coronakrisis. Dat komt troch in tydlike ferheging fan de operaasjekapasiteit. Yn 2020 en 2021 binne der amper sokke operaasjes útfierd.
Corona heeft ons eens te meer doen beseffen dat overgewicht of obesitas niet zomaar een aandoening is, maar echt een ziekte.
Marloes Emous, sjirurch
Bariatrysk sjirurch Marloes Emous is bliid dat der wer operaasjes útfierd wurde kinne. "Corona heeft ons eens te meer doen beseffen dat overgewicht of obesitas niet zomaar een aandoening is, maar echt een ziekte. Deze ziekte zorgt er voor dat je veel kwetsbaarder bent voor het verkrijgen van allerlei bijwerkingen van obesitas, zoals suikerziekte, hypertensie, maar dus ook extra ziek worden door corona."

Syktefersom

Neffens har binne in soad minsken bot swierder wurden yn 'e coronatiid en is behanneling wichtich om mear obesitasproblemen foar te kommen. "De enige behandeling die langdurig effect heeft, is een bariatrische ingreep."
It fuortwurkjen fan de wachtlisten giet stadich ûnder oare fanwege in heech syktefersom by it personiel. Ek ferskoot it probleem. Earder plande operaasjes binne wol ynhelle, mar dêrtroch moatte nije operaasjes langer wachtsje.