Fryske bern faak net lid fan de biblioteek: "Maar ze lezen wel"

© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Yn seis fan de achttjin Fryske gemeenten is minder as de helte fan de bern lid fan de biblioteek. Yn Fryslân as gehiel giet it ek om minder as de helte: 45 prosint.
Waadhoeke, Ljouwert, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen en Eaststellingwerf skoare allegear ûnder it lanlik gemiddelde, docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek.
Direkteur Paulien Schreuder fan de biblioteek Noard-Fryslân wurdt net senuweftich fan de sifers, seit se. "Het is eigenlijk een beetje jammer, want het geeft een verkeerd beeld. Wij weten dat het anders is. Kinderen zijn misschien geen lid van de bieb, maar ze lezen wel."
Eigenlijk zijn die kinderen wel allemaal lid van de bieb, maar dan van de schoolbieb.
Paulien Schreuder, biblioteekdirekteur
Om't bern minder gau nei de biblioteek gean, is der in lanlik konsept ûntwikkele dat de byb nei de skoallen ta giet, leit Schreuder út. "Dat betekent dat er op de scholen een collectie komt te staan. Bovendien komt er een leesconsulent langs die investeert in het promoten van boeken en de leerkrachten ondersteunt bij het lezen. Dus eigenlijk zijn die kinderen wel allemaal lid van de bieb, maar dan van de schoolbieb."
Schreuder mist de bern wol yn de biblioteken, seit se. "We hebben ook gezegd dat we er meer tijd en energie in moeten gaan stoppen, om de kinderen echt in de bibliotheek te krijgen. Maar het allerbelangrijkste is dat ze lezen."

Lêsprojekt fuortset ûnderwiis

En dat sit yn it primêr ûnderwiis wol goed, mar op it fuortset ûnderwiis wurdt it hurd minder. "De grote zorg voor ons is vooral als kinderen naar het voortgezet onderwijs gaan. Dan wordt de afleiding van de telefoon en andere zaken wel heel groot."
Yn Achtkarspelen sette se dêrom takom skoaljier útein mei in gearwurkingsprojekt yn it fuortset ûnderwiis, mei in lêskonsulint. "Om te zorgen dat er niet alleen wordt gelezen tijdens Nederlands, maar ook in biologie- en aardrijkskundelessen. Dus dat we het breder pakken", seit Schreuder. As dat goede resultaten opsmyt, wurdt it projekt ek yn oare gemeenten trochfierd.

Persintaasje yn leeftiidsgroepen lid fan byb

0-6 6-9 9-12 12-15 15-18
Achtkarspelen 21 40 45 45 38
Dantumadiel 22 39 47 48 39
Eaststellingwerf 27 51 52 41 26
Ljouwert 24 46 49 44 34
Tytsjerksteradiel 25 44 51 47 36
Waadhoeke 23 47 52 45 35