Ljouwert krijt asylsikerssintrum foar 450 minsken oan Troelstraweg

Asylsiker (argyfbyld) © ANP
Der komt nei alle gedachten in asylsikerssintrum oan de Mr. P. J. Troelstraweg yn Ljouwert. Ferantwurdlik wethâlder Nathalie Kramers liet dat moandei witte yn in parsekonferinsje.
De lokaasje, in âld túnsintrum njonken de fleanbasis, moat plak biede oan 450 asylsikers. Njonken wenten foar asylsikers wurde der ek algemiene ferbliuwsromten en kantoaren foar personiel boud. Fierder komt der in boartersgelegenheid en oare binnenromten.
Ljouwert krijt asylsikerssintrum
It plan bestiet út 72 wenten. It Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA) sil dêr 45 fan brûke. De oare wenten wurde ynset foar oare soarten hierders.
It COA hie in fersyk foar in azc dellein by de gemeente Ljouwert, om't Ljouwert in plak is dêr't genôch mooglikheden binne foar yntegraasje, oplieding en wurk. It kolleezje hat moandei oanjûn mei te wurkjen oan it fersyk.
Wethâlder Nathalie Kramers © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Evita Bloemheuvel fan VluchtelingenWerk is bliid dat der in lokaasje foar in azc fûn is. "Het is positief dat er een gebouw is gevonden waarmee verder kan worden gekeken."

Fleanbasis

Dat de lokaasje yn de buert fan de fleanbasis is, is net ideaal, seit Bloemheuvel. "Dat heeft te maken met geluidsoverlast, maar ook dat bepaalde geluiden trauma's los kunnen maken bij mensen. Het COA geeft daar overigens wel goede voorlichting voor."
Bloemheuvel hat har betinkingen by it grutte oantal minsken dat yn it azc opfongen wurde sil. "Wij hopen dat Nederland in de toekomst uit veel meer kleinschalige opvanglocaties kan bestaan in plaats van grootschalige azc's. Dat bevordert de integratie en het is veel minder een belasting voor een gemeente."
Evita Bloemheuvel fan VluchtelingenWerk
Op 6 july sil it kolleezje mei de gemeenteried yn petear oer de plannen. Foar de bou wurdt twa oant trije jier útlutsen. Oant dy tiid komme der tydlike 'wenunits' op it terrein fan it nije azc. Dêryn kin de needopfang dan plakha.
Yn maaie liet it COA al witte dat se in gebou yn de gemeente Ljouwert op it each hienen as asylsikerssintrum. It COA woe doe noch net sizze om hokker lokaasje oft it gie.

Lanlik probleem

It azc soe in oplossing wêze kinne foar de kapasiteitsproblemen by de opfang fan flechtlingen. Sa sit it oanmeldsintrum yn Ter Apel gau fol, wêrtroch't asylsikers geregeld op stuollen sliepe. Hearrenfean fong yn sokke situaasjes geregeld flechtlingen tydlik op, mar dat wie foar de lange termyn gjin oplossing.
It kabinet hat dêrop oankundige dat it twang ynsette kin as gemeenten net meiwurkje wolle oan in oplossing foar de flechtlingekrisis.