Boeren lizze ferkear ek yn Fryslân stil: lange file op A7

Protestearjende boeren op de A7 by Fryske Peallen © CAMJO media
Aksjefierende boeren ha it ferkear op de A7 in skoft stillein. Fan Grinslân nei Fryslân ta stie yn de omkriten fan Fryske Peallen in kilometerslange file. By Marum wie de dyk yn beide rjochtingen in skoft ticht.
De boeren protestearren ek by de gemeentehûzen fan ûnder mear Tytsjerksteradiel, Opsterlân en De Fryske Marren. By dat lêste gemeentehûs smieten aksjefierende boeren in striebaal nei binnen.
Op de dyk stie it dus op de A7 stil. Ek op oare diken wienen der protestaksjes. Ministers Christianne van der Wal (Natuer en Stikstof) en Henk Staghouwer (Lânbou) feroardielen dy aksjes op de sneldiken. Se seinen dat boeren har oan de wet hâlde moatte. It is net tastien om mei trekkers op de sneldyk te riden.
Boeren lizze ferkear ek yn Fryslân stil
De beide ministers fine dat boeren heus aksjefiere meie, mar dan wol binnen de grinzen fan de wet. De aksjes fan moandei fûnen se "niet gepast".
Foarman Mark van den Oever fan Farmers Defence Force kundige snein oan dat der nije aksjes komme soenen, as protest tsjin it stikstofbelied fan it kabinet. Fan 12.00 oere soe "alles rollen wat kan rollen".
Boereprotest © Omrop Fryslân, Alle Faber
Fiif dagen lyn demonstrearre in grutte groep boeren al yn Stroe. Dat hat neat opsmiten, neffens Van den Oever. "De roep vanuit de achterban om de beuk erin te gooien is groot."

Stikstofkaart

Guon boeren binne lilk op it kabinet, omdat dy plannen oan it meitsjen is om de stikstofdeposysje werom te bringen. Minister Van der Wal presintearre op 10 juny in kaart mei gebieten dêr't dy deposysje te grut is.
Om de natuer te beskermjen, wol it kabinet de útstjit fan ammoniak troch de lânbou mei 40 prosint werombringe. Hoe't dat yn elke regio oanpakt wurdt, is no oan de provinsjes.
Ien fan de lilke boeren is Gerke Veenstra fan Twizel. Hy is der suver emosjoneel ûnder. "Dat se je mei sa'n kaartsje oplizze om te redusearjen, it is ûnmooglik. Fansels binne der yn de takomst mooglikheden, dêr stean ik ek iepen foar. Mar net op dizze wize."
Gerke Veenstra © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Veenstra soe wol meitinke wolle oer hoe't it oars kin. "Bist ûndernimmer, tinkst yn oplossingen, mar dit is in kabinet dat net bûcht. Alle emoasjes dy't op harren ôfkomme, sy wurde der net oars fan. Krekt as binne se drild: we drukke dit troch. Dat brekt je", seit Veenstra.
Mooglik sille boeren tiisdei opnij aksjefiere. Hoe en wêr, is net dúdlik. Likegoed boeregroep Agractie as Farmers Defence Force stelle dat der aksjes komme, al sizze de foarmannen fan beide klups dat sy dy net organisearje.