Skoalle Bûtenpost net mear 'excellent', twa oare Fryske skoallen noch wol

It predikaat © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Basisskoalle De Mienskip yn Bûtenpost hat net langer it predikaat 'excellente' skoalle. Fryslân hat no noch twa skoallen mei dy wurdearring: ien yn Harns en ien yn Oerterp.
Sawol De Mienskip (Bûtenpost) as it IKC Sint Michaël (Harns) krige it predikaat yn 2019. Soks rint nei trije jier ôf. Dy fan Harns wurdt ferlinge oant en mei it skoaljier 2024/2025.
Mei it ôffallen fan De Mienskip bliuwe der twa 'excellente' Fryske skoallen oer. Dy yn Harns dus en dêrnjonken basisskoalle De Opdracht yn Oerterp. Dy krige it predikaat yn 2019, dat rint takom jier ôf.

Net ienfâldich

It is in hiele prestaasje om it predikaat te behâlden, seit de Underwiisynspeksje. Benammen yn dizze tiid mei personielskrapte en in pear drege coronajierren.
Yn totaal binne der moandei 43 predikaten útrikt oan skoallen. Dat giet om hast allegear skoallen wêrby't it predikaat ferlinge wurdt. Der sit ien nije skoalle by.
"Dit is al de tredde kear dat we 'excellent' binne", seit direkteur Tineke Geertsma. "Dêr binne we echt grutsk op."
"We wolle graach oare skoallen ek útdage oan mei te dwaan oan dit trajekt", fertelt Geertsma. "Skoallen kinne mear betsjutte as mei goed lesjaan. It is wol dreech om alle kearen better te wurden. We ha in hiel stabyl team, net in soad feroaringen."

Utblinke

Om it predikaat 'excellent' te krijen, moat in skoalle net allinnich goed ûnderwiis biede, mar ek op in oare wize útblinke.
Guon skoallen falle bygelyks op troch in goede gearwurking mei de buert, oaren passe it ûnderwiis útsûnderlik goed ta op learlingen. Bysûnder ynspirearjende learkrêften kinne ek helpe om it predikaat te fertsjinjen.
It systeem fan 'excellente' skoallen is yn 2012 ynfierd. De minister fan doe, Marja van Bijsterveldt, fûn dat it te faak oer swakke skoallen gong, wylst der ek in soad goede skoallen binne.
It idee wie om skoallen dy't it útsûnderlik goed dogge, in ekstra wurdearring te jaan. It gruttere doel is it ferbetterjen fan it ûnderwiis yn syn gehiel. Skoallen dy't it predikaat net krije, soenen fan 'excellente' skoallen leare kinne.
Om yn oanmerking te kommen foar it predikaat, moatte skoallen harsels oanmelde. Dat kinne basisskoallen wêze, mar ek middelbere skoallen en skoallen foar spesjaal ûnderwiis. In ûnôfhinklike sjuery beoardielet de skoallen en jout advys út oan de Underwiisynspeksje.