Lêste jonge see-earn fan Koudum ferlit it nêst

De lêste see-earn fljocht út © Albert Draaijer
Alle trije jonge see-earnen fan Koudum binne útflein. Sûnt se út it aai kamen - mids april - hat Albert Draaijer se yn de gaten holden mei de kamera.
Draaijer folget de fûgels yn Koudum al fiif jier op 'e foet. Hy kin sels ek bot genietsje fan de bylden. "Wat in belevenis!"
De lêste see-earn fan Koudum fljocht út
Mids april kamen de earste pykjes dus út it aai, mar net allegear. In pear dagen letter pas waard dúdlik dat der trije pykjes wienen.
Goed twa moannen fierder wienen de earste twa útflein. Dit wykein hat de lêste see-earn it nêst ek ferlitten.
"Yn it earste fragmint is de lêste fleanoefening te sjen. Dêrby is dúdlik sichtber hoe maklik oft it is om op de hegere takke te kommen. In lyts healoere letter fleach se echt út."