Foarman Agractie docht in lêste oprop oan stikstofminister yn fideoboadskip

© ProNews
Boere-aksjegroep Agractie docht in "lêste oprop" oan minister Christianne van der Wal fan Natuer en Stikstof om har plannen net troch te setten. "Laat een vreedzame actie niet escaleren in een boerenopstand", seit foarman Bart Kemp.
"Weet dat boeren zullen vechten voor hun toekomst", seit Kemp. "Hoelang en hoever ze zullen vechten, is aan hen." De skieppeboer dy't sûnt 2019 it gesicht is fan Agractie, sei ferline wike by it boereprotest yn Stroe dat de Staat der Nederland "yn oarloch" is mei de "boerenrepubliek".
Yn syn nijste vlog ropt hy de minister nochris op foar in oerlis mei de sektor, om it stikstofbelied te meitsjen dat rekkenje kin op draachflak op it plattelân. "Ga niet door op de ingeslagen weg. Keer terug van deze desastreuze plannen, ga in gesprek met ons over fundamenteel ander beleid."
Agractie hat de oprop op it eigen YouTube-kanaal pleatst: