Opfangplakken foar Oekraïners reitsje fol, Hearrenfean makket nije romte frij

It Hajé Hotel op It Hearrenfean © Google Street View
150 Oekraynske flechtlingen kinne ein dizze wike teplak yn it Hajé Hotel op It Hearrenfean. De flechtlingen kinne dêr op syn minst fjouwer moannen bliuwe.
Nei dy perioade bestiet de mooglikheid om it ferbliuw mei nochris acht moannen te ferlingjen.
Fan alle gemeenten wurdt frege om opfangplakken beskikber te stellen. Stadichoan reitsje de beskikbere bêden yn Fryslân fol.

Oare fokus

"Tot op heden waren er voldoende plekken beschikbaar in Fryslân en lag de focus in Heerenveen op crisisnoodopvang", seit boargemaster Tjeerd van der Zwan.
"Nu er nog altijd vluchtelingen ons land binnen komen is het niet meer dan logisch dat we ook in onze gemeente een langduriger woonplek bieden voor Oekraïners."

HUB

It Hajé Hotel nimt ek de HUB-funksje en it plak foar krisisneedopfang oer fan de Hoekstra Hal op It Hearrenfean.
De HUB soarget derfoar dat flechtlingen sa gau as mooglik in plak krije yn in mear permaninte lokaasje. As dat net slagget, of as minsken let op de jûn oankomme, dan binne der 100 plakken beskikber foar de needopfang, dêr't flechtlingen útrêste en sliepe kinne.
De Hoekstra Hal is mei yngong fan septimber wer beskikber foar de reguliere brûkers.