Ministearje stekt wat op fan jongeren yn Waadgebiet

Guon fan de jongeren op it Waad © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Hast tritich jongeren ha it ôfrûne wykein troch it Waadgebiet kuiere om te ûntdekken wat de krêft is fan it gebiet. Se ha dêrnei in saneamd Waddenmanifest opsteld, wêryn't stiet wat der barre moat om de natoer te behâlden.
Dat manifest is op it Waad by Moddergat meijûn oan in fertsjintwurdiger fan it kabinet.
Ien fan de dielnimmers fan de Waddenmars wie Kees Hogenboom fan Amersfoort. "We hebben gelopen en gefietst met het doel om zoveel mogelijk perspectieven te verzamelen."
Jongeren stelle Waddenmanifest op om natuer te behâlden
Se ha mei minsken út ferskate groepen praat. "Bewoners, boeren, vissers, natuurbeschermers en toeristen. En dan kom je erachter hoe complex het is, iedereen heeft zijn eigen belang."
Neffens Hogenboom is it belangryk dat der ferbining is mei alle partijen. Ferbining is ek it sintrale wurd yn it manifest dat de jongeren skreaun ha.
De jongeren oerlangje it manifest oan Donné Slangen © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Donné Slangen, waarnimmend direkteur-generaal Natuur, Visserij en Landelijk Gebied - ûnderdiel fan it ministearje fan Landbouw, Natuur en Voedselkwaliteit - hat it manifest yn ûntfangst nommen.
Hy nimt de tips fan de jongeren mei nei Den Haag. "Ik waardeer de inzet van de jongeren, die wijzen op de verbinding tussen de mensen en organisaties in dit gebied", seit er.
Het is zeker niet de bedoeling dat de natuur het menselijk handelen hier verbiedt.
Donné Slangen, fan it ministearje fan Landbouw, Natuur en Voedselkwaliteit
De direkteur-generaal hat der sels ek wat fan opstutsen: "We moeten er voor zorgen dat de natuur in stand blijft terwijl de activiteiten in het gebied door kunnen gaan. We moeten samenwerken met de mensen die hier wonen en werken. Het is zeker niet de bedoeling dat de natuur het menselijk handelen hier verbiedt."
Neffens Slangen soe it moai wêze as jongeren ek in plakje krije yn it Omgevingsberaad Waddengebied.