Auto op 'e kop op A7 by Drachten, dyk tydlik ticht

© Noordernieuws
By in iensidich ûngelok op de A7 by Drachten is sneintejûn in auto op 'e kop op 'e dyk bedarre. Dêrtroch moast de dyk tydlik ôfsletten wurde foar oar ferkear.
De auto kaam fan It Hearrenfean yn de rjochting fan Grins doe't it mis gie. De bestjoerder moast troch meiwurkers fan de ambulânse behannele wurde. Hoe't de auto op 'e kop telâne kaam is, is net bekend.