Piano op City Proms ûnderskiten troch dwerse do

It nêst fan de do © City Proms
It festival foar klassike muzyk City Proms yn Ljouwert hat de ôfrûne dagen lêst hân fan in do. It bistje hie de pianohoes fan de piano op it haadpoadium ûnderskiten. De do hie nammentlik in nêst boud yn de konstruksje boppe it poadium.
"Het podium staat er al vanaf woensdag", seit útfierend produsint Jan Gaastra. "We hebben het nest weg laten halen." Dêrby moast goed sjoen wurde oft der gjin aai yn it nêst siet. "Want dan ben je verplicht het nest met rust te laten tot het ei is uitgekomen."
De do sels lit him net fuortjeie. De fûgel is neffens Gaastra alwer dwaande mei in nij nêst boppe it poadium. Sa no en dan komme der wat takjes nei ûnder, en ek wer hjir en dêr in kwakje. "We noemen haar niet voor niets de dwarsduif", seit Gaastra.

16.500 besikers

Yn totaal hat it Ljouwerter festival de ôfrûne dagen 16.500 besikers lutsen. Sy koene genietsje fan 40 foarstellingen. De Koninklijke Militaire Kapel Johan Willem Friso mocht it festival snein ôfslute.
Hoewol't City Proms bekend stiet as festival foar klassike muzyk wie der ek jazz, latin, disko, techno en R&B te hearren en te sjen. Dit jier duorre it festival fiif dagen, dat sille der yn de takomst trije wêze.