Man oppakt foar riden ûnder ynfloed by ûngelok Koatstertille

© CAMJO Media
De plysje hat in 29-jierrige man út Zuid-Scharwoude (Noard-Hollân) oanholden foar it riden ûnder ynfloed fan drugs. Hy wie belutsen by in swier auto-ûngelok tusken twa auto's op de N355 tusken Jistrum en Koatstertille.
By it ûngelok botsten twa auto's frontaal op elkoar, ien fan de twa auto's bedarre yn de sleat.
Trije minsken rekken ferwûne. Ien fan harren wie de 19-jierrige bestjoerder fan de oare auto, in man út Achtkarspelen. Hy waard swierferwûne ôffierd nei it sikehûs. De oare ferwûnen wienen twa famkes fan 16 jier út Burgum. Sy waarden ek nei it sikehûs ta brocht.
De N355 (Rykswei) wie tusken de Kooiwei en de rotonde nei Koatstertille koarte tiid ôfsletten troch de plysje om ûndersyk te dwaan.