Maarten Goudzwaard swaait nei fjouwer moanne wer ôf yn Twadde Keamer

Maarten Goudzwaard yn de Keamer © ANP
Maarten Goudzwaard fan Ljouwert ferlit nei 4 moanne ferfanging oer in wike de Twadde Keamer. Hy ferfong yn dy tiid Nicki Pouw-Verweij dy't mei kreamferlof wie.
Goudzwaard wist fansels dat it gie om in tydlike ynfolling. Wat him oanbelanget hie hy noch wol wat langer lid fan de Twadde Keamer wêze wollen foar syn partij JA21. Hy seit der in soad fan leard te hawwen en hat der ek in soad wille oan belibbe. "Mar oan alles komt in ein."

80 oeren wurk yn 'e wike

Goudzwaard kombinearre syn wurk as keamerlid mei syn taak as steatelid yn de provinsje Fryslân. Dat wie hurd wurkjen. Hy wurke sa'n santich oant tachtich oeren yn 'e wike, mar it wie it wurdich seit er sels.

Nije wike is syn lêste dei yn de Twadde Keamer, mar spitigernôch kin hy der sels net by wêze. Op dy dei komme krekt de Steaten fan Fryslân by mekoar.
Twadde Keamerlid Maarten Goudzwaard oer syn keamerlidmaatskip fan 4 moanne