Bestjoerskundige Rieks Osinga: "Nederlandse politiek gaat slecht om met crisis"

Bestjoerskundige Rieks Osinga fan de Thorbecke Academie yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Bestjoerskundige Rieks Osinga fynt dat de Nederlânske polityk en it bestjoer net goed omgean mei in krisis as no mei de stikstof en de boeren. De dosint oan de Thorbecke Akademy yn Ljouwert sei dat yn it nijsfoarum fan Buro de Vries.
Osinga stelt dat net allinnich no, mar ek yn it ferline drege besluten foarút skood binne en der net goed kommunisearre wurdt troch politisy.

Better kommunisearje

Neffens Osinga begjint goed bestjoeren op in krisis as no mei de stikstof en de boeren mei it erkennen fan it probleem en it feit dat der te lang net wat mei dien is. Politisy soene neffens him dêroer fan alle kanten better oer kommunisearje moatte.
"Als je consequent de complexe problemen niet durft aan te pakken en ook nog eens onduidelijk communiceert, dan krijg je situaties als deze, waar zelfs feiten ter discussie worden gesteld", seit Osinga.
Rieks Osinga oer it bestjoer fan Nederlân
Sa't dat no rjochting de boeren giet is net goed. Sy sitte yn ûnwissigens en dan is it logysk dat se lilk wurde. Dat giet bygelyks oer de kaart dy't presintearre waard. De iene dei liket it dat der in hiel soad boeren ferdwine moatte en de folgjende dei is it wer oars. Dat jout tefolle ûnwissigens.
Als het rijk er niet uitkomt leggen ze het daar neer. Natuurlijk willen provincies daar ook wat mee, maar hier denk ik: neem stevig de regie. Dit is een crisis.
Rieks Osinga
Troch de desintralisaasje en dus mear taken foar provinsjes en gemeenten komme der ek ûndúdlikheden yn it belied. Dy desintralisaasje is op himsels net ferkeard, fynt Osinga, mar it liket der neffens him op dat it Ryk der ûneigentlik gebrûk fan makket as dossiers hiel yngewikkeld en kontroversjeel wurde. Dan lizze se it by de legere oerheden del.
Dat is gjin goeie saak, fynt Osinga. "Als het rijk er niet uitkomt leggen ze het daar neer. Natuurlijk willen provincies daar ook wat mee, maar hier denk ik: neem stevig de regie. Dit is een crisis."
Sjoernalist Irene Overduin, bestjoerskundige Rieks Osinga en politikus Maarten Goudzwaard oer it nijs fan de ôfrûne wike: