Snitswike krijt 125.000 euro fan gemeente Súdwest-Fryslân om te fernijen

Wethâlder Rietman oerlanget de sjek oan ponghâlder Vermeulen en foarsitter Visch fan de Stichting Sneekweek © Stichting Sneekweek
Stichting Sneekweek hat 125.000 euro subsydzje krigen fan de gemeente Súdwest-Fryslân. De organisaasje hopet dêrmei it sylevenemint takomstbestindich te meitsjen en nei in heger nivo te tillen.
De stichting is yn maaie oprjochte en wol partijen ferbine. "We zijn trots dat we een steentje mogen bijdragen om de Sneekweek weer een fase verder te brengen. Een fase waarbij KWS, horeca, winkeliers én bewoners dichter bij elkaar komen te staan. En waarbij sport, cultuur en feest hand in hand gaan", seit foarsitter Marc Visch.

'Visitekaartje'

"Het evenement benadrukt het belang van ons water en van watersport in onze gemeente. Maar de Sneekweek is niet alleen een visitekaartje van Sneek maar geeft een impuls aan heel Friesland. Daarom vinden we het belangrijk om hier als gemeente aan bij te dragen", seit wethâlder Michel Rietman fan de gemeente Súdwest-Fryslân.
Silers op it Starteilân by de Snitswike yn 2019 © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Nei twa jier kin de Snitswike dizze simmer wer hâlden wurde, fan 5 oant 11 augustus. Dit jier wurdt der ynset op it fersterkjen fan it wettersportimago, duorsumens en it breder meitsjen fan de doelgroep.
Earder krige Stichting Sneekweek al 50.000 euro fan de feriene ûndernimmers yn Snits foar it sylevenemint 'nije styl' en 25.000 euro fan Provinsje Fryslân. It bewennersplatfoarm Centrum Sneek stelt boppedat foar de kommende trije jier 7.500 euro beskikber foar (her)programmearring fan de aktiviteiten.