De sprinkhoanne-notaris Yntze Hoekstra: Massa is kassa yn it notariaat

Yntze Hoekstra by De Tsjonger © Omrop Fryslân, René Koster
Yntze Hoekstra fan It Hearrenfean is gjin notaris mear. Hy is de 70 foarby en dan moatte jo ophâlde. De 42 jier dat hy it al wie, hat er bepaald net anonym syn wurk dien.
Fan lytse doarpsnotaris groeide hy troch nei in partnerkantoar mei seis fêstigingen yn it lân, dat kwa grutte boppedat yn de top tsien stiet.
Unkontroversjeel wie Hoekstra net, wylst dat dochs in basiseask is foar in notaris. Hy socht graach de rântsjes op, wat in soad spul mei kollega's opsmiet oant yn de rjochtseal ta.
© Omrop Fryslân, René Koster
Earst hiene de beswieren benammen mei Hoekstra's oare funksjes te krijen. Sa kombinearre hy 21 jier lang syn wurk as notaris mei in bestjoersfunksje by de lokale Rabobank en 16 jier mei it CDA-riedslidmaatskip op It Hearrenfean. Kollega-notarissen makken beswier om't it om stridige funksjes gean soe. "Falt wol ta, as jo mar transparant binne", fynt Hoekstra.
Yn 1999 waard de wrâld fan it notariaat iepensmiten troch de nije notariswet fan minister Wijers. Notariskantoaren mochten doe ûnder mear reklame meitsje, njonkenfêstigingen iepenje en konkurrearje. Dat wie krekt wat Hoekstra woe en hy pakte dat dan ek mei faasje op.
Buro de Vries-reportaazje oer de sprinkhoanne-notaris Yntze Hoekstra
It waard net altyd mei applaus begroete. Massa is kassa wie syn devys, al hold hy oan dy oernamehonger wol de namme sprinkhoanne-notaris oer. In begryp dat er as geuzenamme sjocht. Sterker, it waard sels de titel fan in boek oer syn libben.
Koartlyn ferskynde De sprinkhaan-notaris - Het boek van Yntze Rieuwerd Hoekstra, skreaun troch Niek Donker en basearre op tsientallen petearen dy't Donker hie mei Hoekstra en mei oaren út de wrâld fan it notariaat. It boek is sawol yn de boekwinkel as online te te keap.
Harkje nei de podcast oer en mei âld-notaris Yntze Hoekstra fan It Hearrenfean
Yn ús radioprogramma Buro de Vries is snein 26 juny in reportaazje te hearren mei Yntze Hoekstra. It programma begjint om 11.00 oere.
It hiele petear dat René Koster hie mei Yntze Hoekstra is as podcast te beharkjen. Te finen yn de gebrûklike podcast-apps en op ús site.