Ferstoarne man yn it wetter oantroffen yn Drachtster wenwyk

De helptsjinsten op it plak dêr't it stoflik omskot fûn is © Noordernieuws
Yn it wetter oan De Hoge Bomen yn Drachten is sneintemoarn om acht oere hinne it stoflik omskot fan in man fûn. It giet om in ynwenner fan Drachten. Neffens de plysje is der op it stuit gjin reden om oan te nimmen dat it om in misdriuw giet.
In foarbygonger seach it slachtoffer yn it wetter lizzen en skeakele de helptsjinsten yn. De plysje koe al gau befêstigje dat it om in libbenleas lichem gie. Hoe't it slachtoffer yn it wetter rekke is, is net bekend makke.
De plysje hie de omjouwing in skoft ôfset om ûndersyk te dwaan. De famylje fan de Drachtster is yntusken op 'e hichte steld troch de plysje.