Resinsje iepenloftspul Blauhús: It libben yn in kykdoaze

Kultuerresinsint Henk te Biesebeek © Omrop Fryslân
Mear as trije jier hat lokaasjeteäter Blauhús wurke oan har nije foarstelling: it 70-jierrich bestean fan de Vinea Domini-sylkampen oan de Blauhúster Puollen. In deeglike foarstelling op in prachtige lokaasje. In dokumintêre hast, dy't gjin detail út de skiednis oerslacht. Dat hie ek in bytsje minder kind.
In iepenloftspul yn alle fasetten. By de foarstelling fan Vinea Domini dy't ik bywenne, foel it reinwetter mei bakken út 'e himel en waard it publyk dweiltrochwiet. Lokkich waard it koart dêrop wer drûch en seach it publyk hoe't de sinne ûndergie boppe it strakblauwe wetter oan It Fliet by Greonterp, mei útsicht op Blauhús. Wat in lânskip!
It sylkamp fan Vinea Domini oan It Fliet by Greonterp © Sicco Rypma
Hartman Witteveen, de skriuwer fan it stik en de kreative tûzenpoat fan it selskip, hat in yngreven stúdzje makke nei de skiednis fan de sylkampen fan Vinea Domini. Ea úteinset troch de paters út Wytmarsum.
De hiele santich jier wurdt foar de taskôgers útrôle. Hoe't de paters ûnder lieding fan pater Amatus van Straaten, moai spile troch Teake Rypma, foet oan wâl set om mei in sylkamp te begjinnen. Yn opdracht fan it bisdom om de katolike jongerein út it hiele lân meimekoar yn 'e kunde te bringen, sadat hjirút mooglik nije relaasjes ûntstean kinne en op 'en doer dus katolike berntsjes.

Argewaasje

Dat kinne de paters fansels net allinnich en se dogge in berop op de lokale befolking, de middenstân en boer Hylkema dy't it lân hjirfoar beskikber stelle moat. Yn earsten mei argewaasje. "Wat dogge jimme hjir eins as jimme Vinea Domini, 'de wijngaard des Heren', it moaiste plak fan ierde fine?" Mar stadichoan komme alle partijen ta elkoar en meitsje meimekoar de sylkampen ta in lanlik sukses.
Teake Rypma, Siegfried Altena en Koos van der Zee as de paters fan it sylkamp © Sicco Rypma
Troch it oansteklik spul fan it hiele ensemble fan leafst goed tritich spilers wurdt de taskôger daliks meinommen yn it ferhaal. De muzyk fan ûnder oaren Bob Dylan, Frank en Nancy Sinatra, The Animals en Sonny & Cher makket de sfear fan de jierren sechtich kompleet.

Sodom en Gomorra

Hartman Witteveen giet yn syn senario njonken alle fleurige mominten ek de minder winske ûntwikkelingen yn it kamp, dy't foar hiel wat opskuor en rebûlje binnen it bisdom soarge ha, net út 'e wei. Sa rekket, it kin hast net oars, in famke fan noch mar santjin jier swier fan har sylfreon. Moai, hoe't Erik van Helvoort as de heit fan it famke him lulk makket en foldwaning opeasket by de paters.
Ek hiel aardich hoe't dit 'paradys fan Sodom en Gomorra' him ek útstrykt oer de paters sels. Ek sy priuwe de liiflike leafde fan de froulike frijwilligers en beslute har gelofte te brekken.
Sjoerd Huitema en Berber Witteveen as it troud pear Ploum © Henk te Biesebeek
Alle spilers dogge wat fan harren ferwachte wurdt. Lit dat mar oan regisseur Wouter Daane oer. Mar der bart safolle op it toaniel, dat de taskôger hast net de gelegenheid krijt om har yn de persoanen te ferdjipjen. It bliuwt in bytsje as jo troch it gat fan it kykdoaze sjogge. Prachtich om te sjen, mar it bliuwt allegear in bytsje op ôfstân.

Ferteller

Dat komt ek troch de klankpassaazjes fan de ferteller, VPRO-programmamakker Steven de Winter, dy't foar de tiidsfertichting tusken de ferskate sênes soarget. Dy mominten bart der lykwols wer neat op it toaniel en rest it publyk, as plakshots yn de dokumintêre, neat oars as inkeld te genietsjen fan dat moaie útsicht.
De prachtige lokaasje oan de Blauhúster Puollen © Henk te Biesebeek
Alles bymekoar makket de foarstelling krekt wat te lang om de oandacht fêst te hâlden. Fansels is it aardich om te sjen hoe't de bern har earste syllessen krije. Mar dat ik nei sa'n sêne ek alles wit fan gaffel, grutskoat, pealstek en rammestrûp is moai, mar net nedich. Wat my oanbelanget hie yn dy sênes it mes sette wurden kinnen. Ik kom ommers net as kursist foar in sylles, mar as publyk nei in foarstelling oer sylkampen.
Nettsjinsteande dat hoecht de taskôger him perfoarst net te ferfelen. De foarstelling stiet fierders as in hûs. In noflike jûn op in prachtige lokaasje.