Anton Wachterpriis 2022 útrikt oan skriuwster Simone Atangana Bekono

Simone Bekono © ANP
Skriuwster Simone Atangana Bekono hat sneon yn Harns de Anton Wachterpriis 2022 útrikt krigen. De priis foar it bêste literêre proazadebút krijt se foar har roman Confrontaties.
De sjuery wie 'verrast én geraakt door de verbeeldingskracht van de schrijfster die het verhaal vertelt van een meisje dat op een dag besluit terug te slaan'. Bekono krige de priis, besteande út 2000 euro en in byld fan Anton Wachter, foarôfgeand oan it Literair Festival Harlingen.
Bekono groeide op yn Dongen, Brabân. Har heit kaam út Kameroen. Se debutearre yn 2017 as dichter mei de bondel Hoe de eerste vonken zichtbaar waren. De roman Confrontaties kaam út yn 2020.
Op dit stuit wurdt der hurd wurke oan in ferfilming fan it priiswinnende boek, en oan in oersetting yn it Ingelsk.