Op feteranedei kriget Harns in eigen Anjerperkje

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Om feteranen te earjen en te wurdearjen hat Harns sûnt sneon, krekt as in soad oare gemeenten, in saneamd Anjerperkje. Sneontemoarn, op feteranedei, waard it Anjerperkje yn it Harmenspark offisjeel iepene.
De wite anjer is yn 2005 yntrodusearre om feteranen te betankjen foar harren ynset foar de frede. Mear as 100.000 feteranen wurde hjoed betanke foar wurk oer de hele wrâld.
Boargemaster Ina Sjerps fan Harns stie stil by de ferwûnings en psychyske trauma's wêrmei't feteranen thúskamen. "Het is vandaag ook een dag om stil te staan bij de zware kant van het dienst doen in het leger. De gevaarlijke situaties, de spanning, angst zelfs, verdriet. Niet iedere militair die uitgezonden wordt komt opgewekt terug."
Ek yn Harns waard sneon stilstien by feteranedei
Neffens de boargemaster is it Anjerperkje 'een plek die uitdrukking geeft aan de waardering van onze gemeente voor onze militairen. Niet altijd hebben ze bij terugkeer de waardering gevoeld van de Nederlanders voor het moeilijke werk'.
Melle Steegstra fan Harns hat yn ûnder oare Afganistan en Pakistan sitten en freeslike dingen sjoen. Sa hat hy holpen by in ierdbeving yn Pakistan en bern ûnder it pûn weihelle. Dochs koe Steegstra syn ûnderfinings sels goed ferwurkje.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
"Ik heb mijn ervaringen op missies gelukkig een plekje kunnen geven hoewel collega's die hetzelfde hebben meegemaakt, er toch last van kregen. Ik weet niet hoe dat kan. Het heeft er misschien mee te maken hoe gevoelig je bent of hoe je bent voorbereid. Ik zeg wel eens: als je bij de brandweer gaat werken, moet je niet bang zijn voor vuur."
Steegstra is bliid mei it Anjerperkje. ''Hier kunnen we bij elkaar komen en onze ervaringen delen."
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust wie oanwêzich by de fiering fan feteranedei yn Harns