Boek oer Douwe Visser, de 'Johan Cruijff fan it skûtsjesilen' ferskynd

Skriuwer Ton van der Laan mei njonken him Douwe Visser © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Skûtsjesjoernalist Ton van der Laan fan de Leeuwarder Courant hat mei syn boek Heer en Meester in portret skreaun oer ien fan de bêste skûtsjeskippers ea: Douwe Visser, skipper fan de Sneker Pan fan 1988 oant en mei 2017.
It boek is sneon presintearre. Op de omslach stiet in foto fan Visser yn in wyt himd. It is in bekend byld foar in soad skûtsjeleafhawwers. Douwe Visser yn in wyt himd, mei in brune holle en earms, in sigaar tusken de fingers en breedút steand op de kont fan it skûtsje.
"Dat wite himd, sa koest him úttekenje. En fansels moast er ek sa op de omslach fan it boek", ferklearret Van der Laan. Douwe sels ferdúdliket noch: "As ik in himd oan ha, dan fiel ik de wyn oer myn bleate fel striken. Dat fyn ik belangryk, want dan kin ik de wyn better lêze."
It boek Heer en Meester oer skûtsjeskipper Douwe Visser © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Dat Van der Laan krekt oer Douwe Visser in boek skriuwe woe, hat in reden. It moderne skûtsjesilen, sa't wy dat hjoed-de-dei kenne, is 'útfûn' troch de Sneker Pan-skipper. "Douwe is in foaroprinner. Hy benadere it skûtsjesilen as sport. Dêrfoar waarden de twa SKS-wiken yn de simmer faak besjoen as in leuke dochfakânsje mei in grutte famylje", seit de skûtsjesjoernalist.
No giet it der by alle fjirtjin skûtsjes folle profesjoneler oan ta en dat hat Douwe yn gong set.
Ton van der Laan, skûtsjesjoernalist
"De striid op it wetter wie fûl en fanatyk mar alles derom hinne wie ek belangryk. No giet it der by alle fjirtjin skûtsjes folle profesjoneler oan ta en dat hat Douwe yn gong set."
Troch de jierren hinne waard Visser fan Einzelgänger in teamplayer mei in soad each foar de details. Nei't er in pear kear kampioen wurden wie yn de SKS, kaam er op in krúspunt: trochgean of ophâlde?
It slagge him in pear jier net om op it heechste poadium te kommen en hy begrypt net wêr't dat oan leit en wêrom't de bemanningsleden net op deselde wize mei it skûtsjesilen omgean as hy. Alle jierren moat er in nij team gearstalle en dat komt de prestaasjes net te'n goede.
Douwe Visser © Omrop Fryslân
Op oanrieden fan freon Peter de Jong, doe kommisjelid fan de Sneker Pan en letter foarsitter fan de SKS, socht er advys by coach Kris Heijnis. Dy gearwurking docht fertuten. De petearen dy't Visser mei Heijnis hat, soargje derfoar dat er oars nei himsels sjocht en hy feroaret syn wize fan wurkjen mei syn team op it skûtsje. "Troch Kris Heijnis bin ik better wurden. Net allinne as skipper, ek as minske", seit Visser.

In libben op it wetter

Yn it boek giet it net allinne oer Douwe Visser, de suksesfolle skûtsjeskipper, mar ek oer syn libben as lyts jonkje yn it skippersynternaat, syn wurk as binnenfeartskipper, in libben op it wetter en it ferskil mei de 'lânminsken'.
"Foar Douwe is it wetter in manier om fan A nei B te gean en it lân is in obstakel, want hy kin der mei syn skip net del. Foar ús, minsken dy't op it lân libje en wenje, is it krekt oarsom: it wetter is it obstakel om fan A nei B te kommen", leit Van der Laan út.
Hy is in echte gentleman, as skûtsjeskipper en dêrbûten.
Ton van der Laan oer Douwe Visser
It boek Heer en Meester is in biografysk portret wurden fan in bysûnder minske. 'De Johan Cruijff van het skûtsjesilen', stiet op de efterflap. En mei syn filosofyske wize fan tinken en praten, yn kombinaasje mei de status dy't Douwe Visser hat binnen de skûtsjefloat, is dat net sa'n rare fergeliking.
"Hy is in echte gentleman, as skûtsjeskipper en dêrbûten. Boppedat hat er foar in soad skippers in learmaster west", seit Van der Laan. "Mei de dûbele betsjutting fan 'heer en meester' wêze, de allerbêste wêze, fûn ik dit wol in moaie titel."
Harkje nei de podcast mei Ton van de Laan en Douwe Visser
Yn ús radioprogramma Buro de Vries is snein 26 juny in reportaazje te hearren mei Douwe Visser en Ton van der Laan. It programma begjint om 11.00 oere.
It hiele petear dat Geartsje de Vries hie mei Douwe Visser en Ton van der Laan is as podcast te beharkjen. Te finen yn de gebrûklike podcast-apps en op ús site.