Studinten op 'en paad mei natuerlike alternativen foar ynsektebestriding

De studinten op 'en paad yn Ljouwert © Omrop Fryslân
In eamelersnêst bestride mei siedend wetter of in slakkefal sette mei bier; it binne natuerlike alternativen foar gemyske bestridingsmiddels yn en om 'e hûs hinne.
Om ynwenners fan Ljouwert te oertsjûgjen gjin giftige stoffen te brûken yn de natuer, komt de Fryske Miljeu Federaasje mei de kampanje 'Doe het Anders'. Stazjêres fan it learbedriuw O3 Leeuwarden rûnen freed troch de stêd mei kroaden fol middeltsjes om ynsekten en ûnkrûd op in natuerlike wize ferdwine te litten.
Studinten jouwe tips oer natuerlike bestridingsmiddels
Klaaid yn kleurige wurkpakken joegen de studinten tips oan minsken op strjitte. It projekt is yn Ljouwert úteinset, om't minsken dêr ek túntsjes ha en mooglik minder bewust binne fan it effekt fan giftige bestridingsmiddels.
Neffens projektlieder Timo ter Voort fan de Fryske Miljeu Federaasje ha minsken te min besef dat it ek oars kin. "De stap nei de boumerk is te lyts, dêr't de planken fol mei shit stean. It is te tagonklik. Mei syn allen kinne we it ferskil meitsje."
Natuerlike bestridingsmiddels © Omrop Fryslân
Ien fan de studinten dy't staazje rint by learbedriuw O3 is Tiemen Hoekstra. Yn in blauwe overal fertelt er dat hy alternativen hat om slakken, eamelers, blêdlús en ûnkrûd te bestriden, troch bygelyks hjit wetter of bier te brûken. It is net bedoeld om minsken mei in fingerke derop te wizen dat se gjin bestridingsmiddels mear brûke meie.
Tiemen wol op in praktyske manier bydrage oan in stikje bewustwêzen. "Ik ben de volgende generatie en als ik nog een wereld wil hebben waar ik wat fatsoenlijk in wil leven, dan moeten we nu veranderingen maken", seit er.
De kampanje 'Doe het Anders' krijt ek stipe troch in eksposysje yn Tresoar oer hoe't de wrâld derút sjocht as der no neat feroaret.
Studinten jouwe tips oer natuerlike bestridingsmiddels oan ynwenners fan Ljouwert