Knooppunt Surch ôfsletten: asfalt moat ferfongen wurde nei deadlik ûngelok

De auto fleach yn 'e brân op de A7 by Surch © CAMJO media
Troch it deadlik ûngelok op de A7 by Surch moat it asfalt op it knooppunt dêr ferfongen wurde. Dat meldt Rykswettersteat. De auto fan it slachtoffer fleach yn 'e brân. Dêrtroch is der skea ûntstien oan it asfalt.
In 35-jierrige man út Harns kaam om it libben by it ûngelok. Neffens tsjûgen skeat de auto dêr't it slachtoffer yn ried troch de berm, crashte yn de tunnel fan de oare rydrjochting en fleach dêrnei yn 'e brân.
It asfalt is skansearre rekke by in ûngelok
Fanwege it ferfangen fan it asfalt is de ferbiningsdyk fan de A7 fan de Ofslútdyk ôf nei de N31 rjochting Harns ticht. Ofrit Surch is wol iepen. Ferkear wurdt op it plak fan it ûngelok omlaat.
Rykswettersteat ferwachtet dat de ôfsluting oant 21.00 oere duorret.