FryslânDOK: Wat is it wûnder fan Titus Brandsma?

Goed 57.000 minsken wiene op 15 maaie op it Sint Pietersplein yn Rome by de hillichferklearring fan Titus Brandsma (1881-1942) troch paus Franciscus. 'Foar ús wie pater Titus al lang hillich,' seine in protte minsken.
Ek sy dy't neat mei it katolike leauwen, it Fatikaan, de paus of sels mar religy hawwe. De FryslânDOK 'Wat is it wûnder? Titus Brandsma, in nije hillige' is te sjen op 25 juny by NPO2 en op 26 juny by Omrop Fryslân.
Anno Sjoerd Brandsma waard as boeresoan berne yn it buorskip Oegekleaster by Boalsert. Al jong keas hy foar it kleasterlibben. Hy gong nei de oarder fan de karmeliten yn Brabân en naam de namme fan syn heit oan: Titus.

Yn Rome studearre hy filosofy en waard hy letter rektor magnifikus fan de universiteit yn Nijmegen. Yn de oarloch besocht er (katolike) kranteredaksjes derfan te oertsjûgjen om ûnôfhinklik te bliuwen en net de opleine NSB-progaganda op te nimmen. Hy waard oppakt, deportearre en fûn úteinlik de dea yn konsintraasjekamp Dachau.
Yn de FryslânDOK 'Wat is it wûnder?' giet dokumintêremakker Annet Huisman nei Rome en stelt se de fraach wat 'hillich' hjoed-de-dei ynhâldt.
Titus Hettinga út Boalsert, achterneef fan pater Titus, is mei syn frou Jetty, bern en bernsbern ek by de hillichferklearring. In bân mei de tsjerke hawwe se amper mear, mar wol mei de wearden dêr't Titus foar stie.

Der wurdt noch hieltyd drok lobbyd om pater Titus ta beskermhillige fan de sjoernalistyk te beneamen. Bart Brandsma, ék famylje, studearre lykas Titus filosofy en wurke as sjoernalist.
Syn missy is: fet krije op de polarisaasje yn de maatskippij. Krekt dêryn sjocht hy Titus as foarbyld en besiket er in brêge te slaan tusken leauwigen en net-leauwigen. De krêft fan pater Titus skûlet yn syn training en wêzen as mûnts, tinkt Bart Brandsma.

Annet Huisman oer har dokumintêre
FryslânDOK 'Wat is it wûnder? Titus Brandsma, in nije hillige'
Sneon 25 juny NPO2 15.30 oere (werhelling snein 26 juny 13.25 oere)
Snein 26 juny Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
Snein 26 juny Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.