Resinsje Peer Gynt fan Masquerade: Sykje nei dysels

Henk te Biesebeek beskôget Peer Gynt fan Masquerade Jeugdtheater © Omrop Fryslân
It iepenloftspul Peer Gynt fan Masquerade Jongereinteater yn Aldwâld is in spektakelstik, wêrby't alles út de kast helle wurdt. Dochs wurdt ek de minsklike emoasje net fergetten: op syk nei jesels!
Eins is dy Peer Gynt hielendal gjin aardige jonge. De haadpersoan liicht en bedraacht, mei graach opskeppe, is in fjochtersbaas en docht syn mem in soad frertriet.
En dochs is neffens produksjelieder Bianca Wiersma fan Masquerade bewust keazen foar dit stik. "It ferhaal hat ferskate raakflakken mei dizze tiid. Hoe giet de jongerein om mei alle corona-beheiningen om har hinne, de isolaasje mar ek har opstân tsjin alle maatregels. Mar ek sykje nei mooglikheden dy't wol bean wurde."
Masquerade bestiet al sûnt 2013 en jout de jongerein fan Kollumersweach, Aldwâld en omkriten de kâns om har talint te ûntdekken foar mooglik fierdere stappen yn it teater. Trochsneed bestiet de groep út in lytse tweintich jonges en famkes tusken de 8 en 18 jier âld. Yntusken komme de spilers oeral wei, oant Ljouwert en Surhuzum ta.
It boskteater yn de tún fan de famylje Ten Kate yn Aldwâld © Henk te Biesebeek
Masquerade is ek mear as jongereinteater. Dat docht wer bliken út dizze foarstelling. Regisseur Job de Roo bewurke de oarspronklike tekst fan de Noarske skriuwer Hendrik Ibsen yn in orizjinele en tapaslik ferfryske oersetting.
Mar hy freget nochal wat fan syn spilers. Somtiden faaks wat te folle. Want it ferhaal is kompleks en mei safolle lagen dat it begryplik is dat net alle jonge spilers de nedige aktearkwaliteiten dêrfoar opbringe kinne.

Boskteater

Dochs bliuwt der dizze jûn genôch oer om te genietsjen. Allinich de lokaasje al, deun by de iisbaan fan Aldwâld. Dêr yn de tún fan de famylje Ten Kate is in wier boskteater kreëarre.
It publyk sit op in tribune krekt foar in fiver en sjocht oer it wetter út op in mearkeëftich dekôr op de eftergrûn, omseame troch beamtegrien. Troch in sfearfolle beljochting wurdt dêr oan de oerkant in skimewrâld oproppen, dêr't Peer Gynt al syn útsinnige fantasyen útlibje kin.
Turbulint spul fan Lucas van Dijk as Peer Gynt © Sake Beerstra
It essinsjele diel fan it stik wurdt lykwols spile oer de fiver hinne, op in pear meter grûn krekt foar de tribune. Dêrtroch sit it publyk boppe op de hûd en siel fan de spilers. En wurdt dêrtroch streekrjocht de foarstelling ynlutsen. In prachtige fynst fan de regisseur.
Mar hjirtroch mei makket De Roo syn spilers ek kwetsber. Want njonken alle moaie mominten, bygelyks de emosjonele konfrontaasjes tusken Peer en syn mem, wurde sa ek de minder perfekte prestaasjes útfergrutte.

Talint

Dy ûnfolsleinichheden wurde lokkich daliks nei de achtergrûn skood troch it spul fan haadrolspiler Lucas van Dijk. Wat set hy in hearlike Peer Gynt del. Enerzjyk, rûch en brutaal, mar ek ynteger en emosjoneel as dat wêze moat. Hoe moai ek it opsyljen dêryn mei Tineke Nicolai, dy't as de mem fan Peer de stikjes fan de puzzel op syn plak wit te setten.
Tineke Nicolai spilet as mem fan Peer ien fan de pear folwoeksen rollen yn it stik © Sake Beerstra
Mei sa'n grutte groep fan spilers, dy't allegear mei folsleine ynset har rollen spylje, moatte je eins gjin nammen apart neame. Dochs fertsjinnet Rowan Veltman dat lykwols wol. Moai hoe naturel hy njonken inkele oare rollen in trollekening op de planken set. In talint dêr't we sûnder mis mear fan hearre sille.
Dat soe ek bêst ris opgean kinne foar Carenza van der Meulen. Brekber moai hoe't sy de rol fan Solveigh spilet. It famke dat har eigen libben fuortsmyt út leafde foar Peer en altyd op him wachtsjen bliuwe sil.
It publyk is sichtber oandien as Solveigh har gefoelens nei foaren bringt yn in leafdesliet. Spitich dat dit talint noch wat te min oertsjûge is fan har eigen kwaliteiten. Troch har twivel en ûnwissichheid waarden no te folle noaten krekt noch net helle.

Slotliet

Yn dat ramt hie it faaks ek better west om oan 'e ein fan de foarstelling Peer net yn it slotliet sjonge te litten. Yn de generale repetysje dy't ik bywenne die bliken dat dat net de sterkste kant fan syn talinten.
It soe moai wêze as hjir noch in passende oplossing foar fûn wurdt, want dit slotakkoard docht in bytsje ûnrjocht oan de formidabele prestaasje dy't dizze jonge akteur de hiele jûn delset.
Ien fan de jonge talinten Rowan Veltman spilet de trollekening © Sake Beerstra
Peer Gynt kin fansels net sûnder de ferneamde muzyk fan Edvard Grieg. Moai hoe't it muzykensemble ûnder lieding fan Mariët Piersma in hecht ûnderdiel útmakket fan de totale foarstelling. Links fan it poadium, yn in soart kapel, wurdt de muzyk live spile. In knappe prestaasje.

Boadskip

Peer Gynt is en bliuwt in ferhaal mei in boadskip. De minske is faak net wat er liket. Docht him oars foar as er is. Om oerein te bliuwen yn dizze wrâld moatte je dus op syk nei jesels. It wurdt de taskôgers nochris foarholden troch it folsleine ensemble yn in tsjerkeliet.
Op de melody fan gesang 329 Blijf mij nabij einiget dy foarstelling mei dat boadskip. "Bliuw sykjen nei dysels. Watsto nedich hast yn dit libben. Dat liket soms hiel tichteby, mar faak dochs wer net op it plak dêr't je sykje."
In stik om oer nei te tinken dus!