Man (35) út Harns ferstoarn by ûngelok op A7 by Surch

De auto fleach yn 'e brân op de A7 by Surch © CAMJO media
Op de A7 by Surch is freedtejûn in 35-jierrige man út Harns ferstoarn troch in ferkearsûngelok. De auto dêr't it slachtoffer yn ried, fleach troch it ûngelok yn 'e brân.
Neffens de plysje wiene der nei alle gedachten gjin oare weinen belutsen by it ûngelok, dat om 23.10 oere hinne barde. De helptsjinsten, wêrûnder de brânwacht, wiene gau op it plak fan it ûngelok. Se koene it slachtoffer lykwols net mear rêde.
Automobilist (35) út Harns komt om it libben op de A7 by Surch
"Bij het ongeval is het slachtoffer dusdanig gewond geraakt dat hulp niet meer mocht baten. Hij is ter plaatse overleden", meldt de plysje.
Neffens tsjûgen skeat de auto troch de berm, crashte yn de tunnel fan de oare rydrjochting en fleach dêrnei yn 'e brân.
De dyk yn de rjochting fan Harns wie in skoft ôfsletten. De oarsaak fan it ûngelok wurdt ûndersocht.
De helptsjinsten by de ravaazje fan it ûngelok by Surch © CAMJO media