Buma hâldt soarch oer opfang flechtlingen: "Kunnen niet het onmogelijke beloven"

Sybrand Buma © Omrop Fryslân
De feilichheidsregio's en it kabinet hawwe fannemoarn ôfspraken makke oer de opfang fan asylsikers. Njonken de 225 ekstra opfangplakken dy't elke regio regelje moat, is it plan dat de kommende wiken 7500 statushâlders in tydlike wenning krije.
It kabinet hat tasein dat der per regio 30 amtners komme om te helpen de opfang te regeljen. Dochs neamt de foarsitter fan de feilichheidsregio's, Hubert Bruls, de ôfspraken "fragiel". Dêr kin Sybrand Buma, foarsitter fan feilichheidsregio Fryslân, him wol yn fine.
"We zien allemaal dat er meer opvang nodig zal zijn, omdat de druk heel groot is", seit Buma. "Maar wij als gemeenten in Fryslân hebben de grenzen wel bereikt van wat we qua capaciteit kunnen."
"Eerst werd gezegd door het Rijk: zorg voor 225 crisisnoodopvangplekken voor de komende zomer. En dan proberen wij er zelf mensen bij te regelen."
No regelet it Ryk de minsken, en is it omdraaid, leit Buma út. "Maar worden de mensen niet geregeld, dan zien wij niet hoe wij in Fryslân met onze mensen dit open kunnen krijgen."

Ter Apel

De needopfangplakken binne nedich om Ter Apel te ûntlêsten. Boppedat sille no ek nochris 7500 statushâlders ferdield wurde oer alle feilichheidsregio's en in tydlike wenning krije moatte.
"Die opgave is minstens zo ingewikkeld", seit de boargemaster fan Ljouwert. "Voor ons in Fryslân geldt dat gemeenten op het moment al het maximale doen om mensen te kunnen huisvesten, en huizen tover je niet zomaar bij elkaar. Die moeten gebouwd worden of er moet opvang zijn, dat hebben we op dit moment niet."

Unmooglik

De regio's sjogge de opjefte neffens Buma wol. "Maar we kunnen ook niet het onmogelijk beloven. Dat is waarom ook dit een afspraak is die met touwtjes aan elkaar zit."
Hy wie dêrom ek realistysk nei de Fryske gemeenten ta: "We doen een inspanningsverplichting, we gaan echt wel ons best doen. Maar ik zeg ook heel eerlijk: ik weet niet of het ons gaat lukken, er zijn gewoon grenzen aan wat we kunnen."
Minsken yn de needopfang yn it WTC yn Ljouwert © LEO Middelsé
Neffens him is de situaasje yn Ljouwert tekenjend foar it probleem dêr't de feilichheidsregio's op it stuit mei kampe. "Terwijl we van het Rijk verzoeken krijgen voor meer opvang, zijn we in Leeuwarden heel erg bezig met een betere plek voor de mensen die we al hebben. Dat is heel moeilijk te combineren. Het laat wel zien hoe groot de druk is. "