Fûgelwacht hat noed oer ferbouwingen by camping Wikel, behearder is fernuvere

© Willem Vermeltfoort, Omrop Fryslân
De Fûgelwacht fan Balk en omkriten hat noed oer de camping yn Wikel. Ferline jier waard de camping ferkocht oan in bedriuw út Frankryk en no giet it op de skeppe.
De camping stiet oan de râne fan it bosk yn Wikel. De nije eigeners fan de camping wolle in oare ynfolling jaan oan it gebiet. Foarhinne wiene it benammen fêste steanplakken, mar dat wurde no mear sjalets. Der wurdt dus wurke oan it gebiet.
De Fûgelwacht seit dat der in soad ferboud wurdt en dat hat ynfloed op de natuer. "Wy telle no minder fûgels yn de omkriten", seit foarsitter Pieter Veenstra.
Fûgelwacht Balk e.o. oer camping Wijckel
"Benammen mosken komme wy minder tsjin. Der is snoeid oan beammen en dat hat de omjouwing fan de bistjes oanpast. Wy witte net wat de plannen foar de takomst binne en as de camping dan noch mear op de skeppe giet, dan meitsje wy ús dêr wol soargen oer."
Pieter Veenstra fan de fûgelwacht
Patrick Juffermans, behearder fan de camping, kin him net fine yn de soargen fan de Fûgelwacht. Sy sette benammen yn op de natuer om't de gasten dat ek wolle. "Onze recreanten komen voor de natuur naar Fryslân toe en dus willen we zoveel mogelijk groen houden."
"Het is inderdaad wel zo dat de standplaats van de vaste campinggasten nu leeg staat. Wij zetten in op verhuur van de chalets en dus is die transitie nu bezig. Het is daar leeg omdat elke vaste campinggast zijn of haar eigen stacaravan mee heeft genomen."
"De komende tijd willen we dat groener maken, want geen enkele recreant op onze camping wil op een kale heide zitten", seit Juffermans. "In december beginnen we met de verdere verbouwing van de camping. We hebben zelfs contact met It Fryske Gea om informatie in te winnen hoe we dat het beste natuurvriendelijk kunnen doen."
Behearder Patrick Juffermans fan de camping yn Wikel
De fûgelwacht hat in brief stjoerd nei de gemeente om te sjen oft der kontrôle is op de wurksumheden. De gemeente seit lykwols dat der neat fout dien wurdt troch de nije eigeners. "Sy wurkje neffens de natuerwetten sa't de provinsje dy opsteld hat," seit wethâlder Irona Groeneveld.
"As sy echt stikken bosk kappe soene en de folsleine natuer op de skeppe smite soene, dan hie de provinsje, gemeente of in natuerorganisaasje yngrypt fansels. Ik snap de soargen fan de fûgelwacht fansels, want der bart in soad op dit stuit op de camping. Mar wy sjogge gjin reden ta panyk."
De gemeente seit yntusken yn kontakt te wêzen mei de Fûgelwacht.