Mienskipsskoalle De Legeaën yn Sibrandabuorren no ek offisjeel iepen

Nei oardel jier is it nije gebou fan mienskipskoalle De Legeaën yn Sibrandabuorren offisjeel iepene. De skoalle is in fúzje fan basisskoallen út Tersoal, Sibrandabuorren en Gau. Sûnt 2020 is de skoalle al iepen.
"It wie in superdei", seit grutske direkteur Seerp Rypkema "mei in stel toppers fan bern dy't wy hjir hawwe. Wy binne fan 'e moarn begûn mei in fjouwertal preammen dy't fanút Goaiïngea, Gau, Poppenwier en Sibrandabuorren nei de skoalle kaam binne."
It waar siet ek mei, want it bliuwt drûch oant de bern op skoalle binne. "Gelokkich wie it waar krekt goed genôch om te farren, dus we hawwe in prachtige start fan 'e dei hân", seit Rypkema.
Mei fersierde preammen komme de bern oan by de âlde molkfabryk:
De fúzje fan de skoallen hat in trajekt fan fiif jier west. Rypkema: "Eltsenien is oer syn eigen skaad hinne stapt. Trije stichtingen fan skoallen hawwe sein: we gean derfoar. De gemeente hat dat wurdearre. Sy hawwe de âlde gebouwen ôfstjitten en hjir in geweldich moai nij gebou delset."

It wie bot nedich om te fusearjen, seit Rypkema: "De doarpsskoallen wurden hieltyd lytser en lytser. As der neat bard wie, dan wiene de skoallen of tichtgongen, of twa fan 'e trije wiene omfallen."
Neffens Rypkema is dizze situaasje sawiesa in stik geskikter foar de regio: "Wy binne gewoan sa mei inoar hjir yn 'e Legeaën, dat wy leaver ien sterke skoalle hawwe, dan dat we op ús eigen doarp ús eigen skoaltsje hâlden."
Direkteur Seerp Rijpkema © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De skoalle hyt neat foar neat de Mienskipskoalle, want oandacht foar de mienskip is hiel wichtich, seit Rypkema: "Wy binne hiel drok dwaande om alle minsken yn de Legeaën dy't wat foar ús betsjutte kinne en wy foar har, by inoar te lûken. Se kinne hjir komme en wy komme graach nei har ta. Ek maatskiplik dogge wy in soad mei âlderein."

Mar as it oan de bern leit, dan is it saneamde Griene Skoalplein it moaiste. It hat in grientetún, atletykbaan, fuotbalfjild ensafierder.
Rypkema: "Ast hjir yn 'e pauzes komst te sjen, dan sjochst hast gjin bern mear. Want se binne allinnich mar dwaande mei inoar op in aardige manier, dat makket it plein."