Lelyline krijt mienskiplike wurkorganisaasje: "We houden de vaart erin"

© Omrop Fryslân
It ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en de provinsjes Grinslân, Drinte en Fryslân rjochtsje in mienskiplike wurkorganisaasje op om it ûndersyk nei de Lelyline yn goede banen te lieden.
Neffens de dielnimmers betsjut de oprjochting fan de wurkorganisaasje in nije faze yn de útwurking fan de plannen foar de Lelyline. De nije treinferbining moat Lelystêd ferbine mei Grins en Ljouwert, wêrmei't de reistiid tusken de Rânestêd en Noard-Nederlân ferkoarte wurdt.
De mienskiplike wurkorganisaasje sil it ûndersyk nei de line koördinearje. Yn dat ûndersyk giet it bygelyks om it bepalen fan in foarkarsfariant. Ek wurde kosten, draachflak en finansieringsboarnen yn kaart brocht. Neffens steatssekretaris Vivianne Heijnen wurde yn it ûndersyk bewenners, belanghawwers en oare regionale oerheden belutsen.
Met deze vervolgstappen voor de Lelylijn houden we de vaart erin en daar ben ik blij mee.
Deputearre Avine Fokkens
"Ik vind het ontzettend mooi dat we nu concreet aan de slag gaan met de plannen voor de Lelylijn. Zoals bij elk bouwproject, is de fase waarin het plan vorm krijgt en wensen onderzocht worden net zo belangrijk als de bouw zelf. We pakken dat samen met de regio voortvarend aan en willen ook graag de inwoners van de Noordelijke provincies betrekken bij dit proces", sei de steatssekretaris neffens RTV Noord.
Der is trije miljard euro reservearre foar de Lelyline:
Deputearre Avine Fokkens giet derfan út dat de wurkorganisaasje it trajekt op stoom hâldt om de Lelyline echt oanlizze te kinnen. "Met deze vervolgstappen voor de Lelylijn houden we de vaart erin en daar ben ik blij mee. We hebben een voorkeursvariant nodig, net als financiering, en vervolgens de daadwerkelijke realisatie. Daar moet het naartoe."

Trije miljard is net genôch

Yn it koälysje-akkoart fan it kabinet is ôfpraat dat der trije miljard euro reservearre wurdt foar de Lelyline. Dat is net genôch foar de oanlis, mar der wurdt fan útgien dat de regio's en de Europeeske Uny sels bydrage.
Trein op spoar © Omrop Fryslân
Begjin juny hat Nederlân by de Europeeske Kommisje oanjûn dat de Lelyline opnaam wurde moat yn it TEN-T-netwurk (it Trans-Europeeske Transportnetwurk). It kabinet giet derfan út dat dat slagget.
Opname fan de Lelyline yn dit netwurk is wichtich, omdat it projekt dêrmei ek yn oanmerking komt foar subsydzjes út de Connecting Europe Facility. Dat is in Europeesk fûns dat subsydzjes jout oan projekten dy't soargje foar bettere transportferbiningen tusken lidsteaten.