Rolf (23) wurket as kontroleur op de Ofslútdyk: "Zo'n kans laat ik niet schieten"

Rolf Vijn (23) kontrolearret oft de stienblokken goed binne © NH Media
Rolf Vijn is noch mar 23 jier, dochs hat er in wichtige funksje by it wurk oan de Ofslútdyk. Hy kontrolearret oft de stiennen fersterkingsblokken op de dyk wol goed lein binne.
It is syn earste baan nei it ôfmeitsjen fan syn mbo-oplieding. Septimber ferline jier waard er benadere troch in detasjearringsburo. Se hiene wurk foar him op de Ofslútdyk. Hy grypte dat mei beide hannen oan. "Zo'n kans laat ik natuurlijk niet schieten."
Rolf (23) kontrolearret de krekt sette stiennen op de Ofslútdyk
Mei in feilichheidshelm op en in fel oranje wurkjas oan giet er op ynspeksje by de krekt pleatste stienblokken del. As ien blok skansearre is of in bytsje bryk leit, komt it úteinlik net goed yn it hiele dykfersterkingssysteem. Dat is in risiko foar de feiligens fan de dyk.
By twivel makket Rolf mei syn telefoan in foto fan de situaasje en spuitet er mei fluorisearjende griene ferve in stip op it blok. Foar de oannimmer is dat it teken dat it oars moat.
De kommende jierren ûndergiet de Ofslútdyk in grutte ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter.
Yn 32 reportaazjes, likefolle as it tal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe.