Tryater kin mei EU-subsydzje gearwurkje mei selskippen yn Bretanje en Baskelân

Foarstelling 'Dit wie it waar wer' © Tryater
It Fryske teäterselskip Tryater krijt mei noch sân oare selskippen Europeeske subsydzje foar in ynternasjonaal gearwurkingsprojekt. Doel is om minsken dy't by in minderheidstaal hearre, te ferbinen.
It is de bedoeling dat elk fan de sân selskippen twa nije stikken leveret. Dy wurde dan oerset yn alle oare minderheidstalen. De selskippen wolle fierders ek spilers útwikselje.
Tryater hat jierren wurke oan it binnenheljen fan de subsydzje. It wie nochal dreech en burokratysk. Dêrom is help ynroppen fan tredde partijen, ûnder oare fan de Hanzehegeskoalle yn Grins.

Hope op bliuwende gearwurking

Mei de takenning fan dizze Europeeske subsydzje giet foar Tryater in winsk dy't se al lang hawwe, yn ferfolling. It Fryske selskip hat yn Nederlân gjin ferlykber selskip as it giet om wurkjen mei meardere talen yn de teäterstikken.
Tatiana Pratley fan Tryater hopet dat de gearwurking langer duorret as de trije jier dêr't de Europeeske subsydzje foar jûn is.
Tatiana Pratley fan Tryater
Takom wykein prate de artistyk lieders fan de sân selskippen yn Noarwegen oer de oanpak. Yn septimber is dan yn Ljouwert de earste gearkomste foar toanielskriuwers. Pratley ferwachtet dat de earste proeven fan wurk yn de simmer fan 2023 nei bûten komme.

Wat betsjut de minderheidstaal foar minsken?

Elke regio sil op termyn twa stikken leverje: ien oer hoe't it is om yn in gebiet mei in minderheidstaal te wenjen en in stik oer wat taal betsjut foar ferskate generaasjes. Dy stikken wurde oerset yn alle minderheidstalen. Mei-inoar komme der dus fjirtjin nije stikken.