Nij Beets wol yn 2050 folslein fan it gas ôf

In strjitte yn Nij Beets © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Hiel Nij Beets moat fan it gas of. Dat is it útgongspunt fan in grut ûndersyk om de huzen yn it doarp duorsum te meitsjen. Alle ynwenners wurde frege om te sjen nei hoe't se enerzjy besparje kinne.
Dat is net allinnich goed foar it miljeu, mar yn dizze tiid fan hege gasprizen ek foar de beurs. Doel is dat Nij Beets yn 2050 hielendal gjin gas mear brûkt.
Nij Beets wol yn 2050 folslein fan it gas ôf
It inisjatyf foar dit projekt leit by de doarpskoöperaasje Krigel yn oparbeidzjen mei de gemeente Opsterlân. De gemeente hat inkele tsientûzenen euro's útlutsen foar it duorsumensprojekt.
It measte jild moat út de subsydzjepot Leader, in Europeesk ûntwikkelingsprogramma foar plattelânsgebiet, komme. Koöperaasje Krigel wol de bewenners stimulearje om enerzjy te besparjen en hjirmei in foarbyldfunksje yn te nimmen. De gemeente wol it projekt as it slagget útrôlje oer de hele provinsje.

Isolearje

Alle 1.700 bewenners fan Nij Beets kinne no in enkête ynfolje. Harren wurdt frege om te sjen nei wat se dogge oan duorsumens en wat noch folle better kin. Sinnepanielen binne der al in protte, mar der kin noch folle mear enerzjy besparre wurde: in protte huzen binne net goed isolearre.