Seldsume briedfûgels op it 'wylde easten' fan Skylge

Boskwachter Joeri Lamers tusken it molkkrûd © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De see krijt it mear foar it sizzen op de Skylger Boschplaat. Der leit oardel miljoen euro klear om nije oerstreamingsflakten en ferstowingen oan te lizzen.
Wa't witte wol wat soks foar de natuer betsjut, moat nei it meast eastlike puntsje fan dyselde Boschplaat. Boskwachter Joeri Lamers bûcht dêr nei de grûn nei in relatyf lyts plantsje dat hjir in soad te finen is.
"Dit is melkkruid. Deze zou hier niet zijn zonder de invloed van de zee. Doordat er iedere winter zand wordt opgezet bovenop de kwelder, groeit het hier. En op andere plekken heb je zeeraket."
Seldsume briedfûgels op it 'wylde easten' fan Skylge
Op in keal stikje sân mei wat skulpen, efkes fierderop, briede lytse stirnsen. Yn totaal briede sa'n tachtich spantsjes fan dizze seldsume soart. De minske lit it gebiet gewoanwei gewurde. De romte dy't dêrtroch ûntstiet, wurdt ynfolle troch natuer dy't by it eilân en it Waadgebiet heart.
No't der oardel miljoen euro provinsjaal jild klearleit om de fiif jier lyn opstelde Boschplaatfyzje út te fieren, krijt de see ek mear ynfloed op de rest fan it kweldergebiet

Kerven en oerstreamingsflakten

Der komme kerven yn de dunen om it kalkrike sân it gebiet yn te krijen, wêrtroch't planten dy't it dêr goed op dogge wer in kâns krije, nettsjinsteande de hjoeddeistige ferrûging.
Fierder komme der oerstreamingsflakten, lykas de flakten dy't no op de eastkant te sjen binne. Ek dat helpt de fegetaasje en de fûgels. It sân dat de see by stoarmwaar ôfset, soarget der ek foar dat de kwelder meigroeie kin mei de seespegelstiging. Fierder soarget it foar oergongen yn hichte, mar ek oergongen tusken sâlt en swiet wetter.

Eroazje

No't de eagen wer op de Boschplaat rjochte binne, komt ek de fraach wer nei boppen hoe om te gean mei de eroazje fan de eilanner sturt. Yn de tiid dy't nedich wie om it jild te finen foar de plannen, is de Boschplaat wer lytser wurden en it Amelanner Gat tusken de beide eilannen yn waard grutter.
Al is de Boschplaat noch hieltyd in hiel grut gebiet. "Als je op wat grotere tijdsschalen rondom zo'n zeegat kijkt, dan zie je dat er perioden zijn waarop dat zeegat wat breder is en weer wat smaller wordt", seit Robert Zijlstra. Hy is adviseur Feilichhied en Morfology by Rijkswaterstaat. Neffens him krimpt it eilân op dat plak no al tsientallen jierren.

Diskusje

Guons op it eilân hawwe dêr ek wol noed oer. Zijlstra: "In de Boschplaatvisie hebben we afgesproken dat we wel een kwelder van formaat willen behouden. Maar de vraag hoe groot die 'kwelder van formaat' precies moet zijn, is een discussie die we nog aan voeren zijn." Wol bestiet der in ôfspraak dat de ôfslach net fierder komme sil as peal 26.
Joeri Lamers en Robert Zijlstra