Plysje mei bylden op syk nei identiteit strafbere boeren

De plysje wol mei byldmateriaal de identiteit efterhelje fan boeren dy't woansdei foar gefaarlike situaasjes op de grutte dyk soargen, doe't se tsjin it stikstofbelied fan it kabinet protestearren.
De boeren rieden manmachtich op ûnder oare de A7 by Drachten. Dat is ferbean. De plysje rjochtet him op minsken dy't foar gefaarlike situaasjes soargen, want alle bestjoerders efterhelje slagget neffens de plysje net.
Neffens in wurdfierder woe de plysje it grûnrjocht fan de boeren om te demonstrearjen woansdei respektearje. "Maar de afspraken die zijn gemaakt, zoals niet op de snelweg rijden met een trekker, zijn massaal genegeerd."