Advendo Frjentsjer blaast heech fan de toer foar 100-jierrich bestean

Muzykkorps Advendo yn Frjentsjer bestiet 100 jier en joech dêr op in spesjale manier omtinken oan. Op de langste dei fan it jier 'struiden' se harren klanken út oer de Akademystêd.
Op tiisdei 21 juny wie it op de kop ôf hûndert jier ferlyn dat muzykferiening Advendo Frjentsjer oprjochte waard. Yn in tiid mei in grut oanbod fan allerhanne soarten frijetiidsbesteging is it 100-jierrich bestean bêst opmerklik te neamen. Guon muzykkorpsen hawwe it dreech en dan is sa'n iuwfeest dochs wol wat om by stil te stean.
Blazers Advendo beklimme mei ynstrumint de toer fan de Martinitsjerke
Stilstean siet der tiisdei net yn foar in tal leden fan it korps. Se moasten it hegerop sykje. Sân blazers beklommen mei harren ynstruminten de treppen fan de toer fan de Martinitsjerke. Yn de legere regioanen in draaitrep en op it lêst steile houten trepkes.
Ien kear boppe lieten de blazers fan harren hearre. Op it terras by it kafee op it plein sieten se te harkjen en namen se der ien op, op de 100-jierrige. Boargemaster Waanders fan gemeente Waadhoeke oerlange oan foarsitter Marjan de Beer fan Advendo in keninklike ûnderskieding mei oarkonde.

Foarsitter De Beer is út de skroeven mei de keninklike ûnderskieding: "Eins wol frjemd, ik appte mei de dirigint dat we tegearre net iens 100 binne. Wy binne sels mar relatyf koart by de feriening en dan in earepinning krije, hiel bysûnder."
De namme Advendo stiet foar Aangenaam Door Vriendschap En Nuttig Door Oefening. En dat kredo jildt noch altiten. Foarsitter Marjan de Beer wit wol wat it geheim is: "It is benammen de sfear en in soad wille meitsje, dan slagget de rest fansels."

Der folgje noch mear feestaktiviteiten, lykas in tsjerketsjinst foar Advendo, dêr't freonskip en ferbining sintraal yn stean. "Dêr steane wy as Advendo ek foar", seit De Beer.
De fiering fan it 100-jierrich bestean wurdt yn novimber ôfsletten mei in konsert yn sport- en evenemintehal De Trije.